Fryske staten yn nije searje ‘Bûtenpleats’ by Omrop Fryslân

oktober 23, 2020 11:56

Ferspraat oer Fryslân binne de moaiste bûtenpleatsen te finen. De nije searje Bûtenpleats fan Omrop Fryslân fertelt it ferhaal fan dy staten. Op basis fan it perspektyf fan eigeners, saakkundigen, frijwilligers en oare belutsenen. Yn acht filmyske ôfleveringen wurdt de taskôger meinommen nei de skiednis, de hjoeddeiske situaasje en de takomst fan de bûtenpleatsen. De rige is fan moandei 26 oktober ôf te sjen.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Yn Bûtenpleats binne de (histoaryske) gebouwen en it omlizzende lân fan de staten yn Fryslân yn prachtige bylden te sjen. Se wurde mei in soad leafde ûnderholden. It hawwen en behearen fan in bûtenpleats is hjoed-de-dei lykwols faker in lêst as in lust. It ûnderhâld is tige kostber en it behear freget nochal wat fan de eigeners. De problemen en útdagingen wurde yn de rige fan ferskate kanten beljochte oan de hân fan de ferhalen fan eigeners, saakkundigen, pachters, frijwilligers en oare belutsenen.

Fan ûntsteansskiednis nei takomstperspektyf
De earste ôflevering fan Bûtenpleats giet yn op de ûntsteansskiednis fan de Fryske stinzen en staten. De searje fiert de sjogger dêrnei fia it ferhaal fan de eardere eigeners (ôflevering 2), nei de oanleine tunen en parken (ôflevering 3), en de ûnderskate stilen yn bou en ynterieur (ôflevering 4). Yn ôflevering 5 is te sjen hokker ynfloed de eigeners fan de bûtenpleatsen hân hawwe op it Fryske lânskip, ûnder mear troch de oanlis fan bosken. De kosten foar ûnderhâld en it sykjen nei nije boarnen fan ynkomsten steane sintraal yn ôflevering 6, en ôflevering 7 lit sjen hoe wichtich ek oft de frijwilligers binne foar it fuortbestean fan de bûtenpleatsen. Hoe’t dat fuortbestean der yn de takomst útsjen moatte soe, stiet sintraal yn de lêste ôflevering (8). Hoe sjogge de eigeners de takomst en hoe tinkt de folgjende generaasje oer de lusten en lêsten fan it besit fan in bûtenpleats?

Bûtenpleats is fan 26 oktober ôf alle moandeis te sjen fan 17.15 oere ôf. Mear ynformaasje is te finen op: Omropfryslan.nl/butenpleats.

‘Bûtenpleats’ is foar Omrop Fryslân makke troch Mrs. Moon Productions. De searje is mei mooglik makke troch: Provinsje Fryslân, Old Burger Weeshuis, Van Teyens Fundatie, Nieuwe Stadsweeshuis, It Fryske Gea, Stichting Erfgoed en Publiek, Stichting Op Toutenburg, Stichting Staten en Stinzen, Stichting Martenastate, Gemeente It Hearrenfean, Gemeente Opsterlân, Gemeente Noardeast-Fryslân.

oktober 23, 2020 11:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.