Fryske Beweging trunet provinsje oan om simmerskoallen Frysk mooglik te meitsjen

oktober 29, 2020 09:13

De Ried fan de Fryske Beweging hat in brief oan de Provinsje Fryslân skreaun, dêr’t de Ried de Provinsje yn oantrunet om simmerskoallen Frysk mooglik te meitsjen.

Simmerskoallen wurde hieltyd gewoaner. It is in mooglikheid om de bern yn de groepen 7 en 8 en/of de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis de kâns te jaan om wat oan efterstannen oangeande rekkenjen en taal te dwaan. Der binne yn it ûnderwiis ek efterstannen as it giet om it Frysk. Dêr wurdt wol oan wurke, mar it duorret oan 2030 ta foar’t der dúdlikens komt. De Ried soe dêrom stommegraach wolle dat earder wat oan dy efterstannen dien wurdt.

It soe moai wêze as dêrom yn alle Fryske gemeenten simmerskoallen mei omtinken foar it Frysk komme, fynt de Ried. Besteande simmerskoallen kinne it Frysk yn harren pakket opnimme en nije soene nei foarbyld dêrfan úteinsette kinne. De Ried ferwiist yn it brief nei de WilleWiken fan de stichting Tsjille en Wille op de Folkshegeskoalle Skylgeralân om te besjen hoe’t it kin.

De Ried ropt de provinsje op om yn ‘e mande mei gemeenten, skoalbestjoeren, de Afûk en de stichting Tsjille en Wille yn alle gemeenten simmerskoallen te organisearjen, simmerskoallen dêr’t it Frysk royaal oan ‘e oarder komt.

Taheakke: it brief oan de provinsje dy’t 28 oktober ferstjoerd is.

oktober 29, 2020 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.