Fryske berne- en jeugdboeken foar skoalbern en pjutten

oktober 1, 2020 07:25

Wethâlder Andries Bouwman fan Tytsjerksteradiel joech woansdeitemoarn de ôftraap foar de Berneboekewike op basisskoalle De Ichtusschool yn Gytsjerk. Hy lange de skoalle in pakket oer mei Fryske boeken mei in wearde fan € 200,-.

Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Wichtich foar taalfeardigens
Yn groep 1, 2 en 3 fan Juf Ineke Hartwig lies wethâlder Bouwman foar út it Fryske boek Skattich fan Lida Dykstra en Marije Tolman. “Foar de taalfeardigens fan bern is it tige wichtich dat se fan jongs ôf oan mei it Frysk en oare talen yn kontakt komme”, seit Bouwman. “Ik bin sels net Frysktalich opgroeid en ûnderfyn no hoe dreech oft it is om jin letter in taal eigen te meitsjen.” Skoallen en pjutteboartersplakken koene ofrûne tiid in pakket Fryske boeken oanfreegje by de gemeente. Op dy wize wol de gemeente it Frysk yn it ûnderwiis stimulearje.

Fryske boeken foar skoallen en pjutteopfang
Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Tytsjerksteradiel foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken jild beskikber foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis. De skoallen koene foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfang foar € 100.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Achtkarspelen stelt € 6.000 beskikber foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken
Wethâlder Max de Haan joech woansdeitemoarn it startsein foar de Berneboekewike op basisskoalle De Tarissing yn Droegeham. Hy kaam net mei lege hannen. Hy joech de skoalle in Frysk boekepakket fan € 200. Hy lies groep 8 in ferhaal foar út it Fryske boek It Spûkskip fan Lida Dykstra. “Skoallen en pjutte-opfang koene in Frysk boekepakket oanfreegje by de gemeente”, seit wethâlder Frysk, Max de Haan. “Dêr wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis mei stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.”

Fryske boeken foar skoallen en pjutteopfang
Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Achtkarspelen besletten om, lykas ferline jier, foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken € 6.000 beskikber te stellen foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis. De skoallen koene foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfang foar € 100.

Frysk stimulearje yn it ûnderwiis
Taal en lêzen binne in enoarme motor foar de ûntwikkeling fan in bern. Taal is de basis fan ús kommunikaasje. It helpt ús gear te wurkjen, lit ús ús gefoelens útdrukke en jout kleur oan ’e maatskippij en sosjale kontakten. “Men kin sizze dat mear talen prate in oanwinst is. Dêrom stimulearje wy it Frysk op de skoallen”, seit wethâlder ûnderwiis Jouke Spoelstra. “Wês dêr dus allegearre mar tige grutsk en súnich op!”

 

oktober 1, 2020 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.