Fryske Akademy sil wrâldboargers opliede

oktober 26, 2020 19:57

Douwe Kalma

Hoe krije jo jonge minsken sa fier dat it harren net allinne wat skille kin wat der yn it eigen wenplak bart, mar ek hoe’t de opwaarming fan ‘e ierde keard wurde kin, hoe’t men derfoar soargje kin dat alle minsken te iten hawwe en dat der gjin grutte oarloggen útbrekke? Dat alles dan ek noch sa dat minsken har net allinnich by de wrâld as gehiel betrutsen fiele, mar wis wol ek noch by har eigen doarp, streek en lân? Sa’n gefoel fan betrutsenens wurdt wrâldboargerskip neamd. De UNESCO stribbet nei sa’n wrâldboargerskip by minsken rûnom.

De Fryske Akademy sil dêr no in hantaast oan bydrage. De Europeeske Uny hat it ynstitút yn Ljouwert in subsydzje tasein om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar wrâldboargerskip. Dat wurdt dien yn ‘e mande mei ûndersyksynstellingen yn ferskate oare Europeeske lannen. De Fryske Akademy sil him benammen rjochtsje op it ûntwikkeljen fan learmiddels op it mêd fan meartaligens. Ommers: de wrâld is meartalich en de eigen streek is dat ek. It doel is dat it materiaal úteinlik fergees beskikber steld wurdt oan de skoallen en learare-opliedings yn Fryslân.

Wrâldboargerskip hat altyd in wichtich tema west yn de Fryske beweging. Douwe Kalma is de bekendste foarstanner. Under it motto Fryslân en de wrâld woe er in Fryske literatuer skeppe dy’t wol dúdlik Frysk wie, mar net regionaal. Frysktalige literatuer moast ek op wrâldskaal bekend wurde en wurdearring krije.

oktober 26, 2020 19:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor van der Meer oktober 30, 16:15

    Achte redaksje,
    It moat my efkes fan it hert dat ik mei in tal kollega’s wat fernuvere wiene oer dit berjocht. It liket wol in hiel frije ynterpretaasje te wêzen fan ús parseberjocht en ik bin bang dat dêrtroch ek feitlike ûnwierheden yn it artikel terjochte kaam binne. Sa is de subsydzje binnen helle troch it Mercator Kennissintrum, dat is fansels wol in ûnderdiel fan de FA, mar Mercator sil it wurk dwaan moatte en derom wolle wy dan ek graach de namme derby sjen. Dêrneist fyn ik it jammer dat it projekt net wat dúdliker omskreaun is, al gau wurdt oergien nei Douwe Kalma. En dan as lêste: de subsydzje wurdt net beskikber stelt troch de UNESCO mar troch it Erasmus+ programma fan de EU.
    Lykwols wol ik dizze kâns graach gripe om ek te sizzen dat ik it Nijs mei in soad nocht en wille lês en folgje.
    Mei freonlike groetnis,
    Drs. Cor van der Meer
    Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning
    c/o Fryske Akademy

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.