Frysk nimt Hollânske grammatika oer

oktober 22, 2020 08:51

As it Frysk en it Hollânsk oare konstruksjes brûke om itselde te sizzen, dan is de kâns grut dat it Frysk de Hollânske konstruksje kopiearret. Dan besteane de âlde en de nije konstruksje in skoft neistinoar. Dat docht bliken út ûndersyk fan Myrthe Bergstra. Hja wurket foar de universiteit Utert en foar hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert, en hat ferskate feroarings yn it Frysk ûndersocht.

Ien fan ‘e feroarings is dat Friezen hjoed de dei it wurdsje te weilitte kinne yn sinnen lykas ‘Hy is te fiskjen’. Fanâlds koe dat net, mar omdat it Nederlânsk wol ‘Hy is vissen’ hat, binne der no ek Fryskpraters dy’t it sa sizze, dus sûnder te deryn.

Frou Bergstra hat in proefskrift skreaun oer har ûntdekkings. Dêr is hja freed 23 oktober yn Utert op promovearre.

oktober 22, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Ed Knotter oktober 22, 10:46

    Dat is gjin nijs, mar men kin jin al ôffreegje wêrom’t dy ynfloed net oarsom wurket; dat Hollânskpraters yn dy gefallen ‘te’ ynfoegje (Dat komt nammers wol foar ûnder fan hûs út Fryskpraters dy’t op it Hollânsk oergeane).
    Mei dy fraach yn ‘e efterholle soenen jo it stikje fan Henk Wolf (de stêd facebook) nochris lêze moatte.

  2. LB oktober 22, 13:09

    A: ‘Wat silst? ‘Ik gean te fiskjen’ of ‘Ik sil fiskje’.
    B: ‘Wat giest dwaan?’ ‘Ik gean fiskje’

    Ik kin my hast net foarstelle dat in sprekker dy’t it Frysk as memmetaal meikrige hat, foarbyld B seit. Praters foar wa’t it Frysk net de earste taal is, sizze foarbyld A gauwer. Dat kin likegoed ek wol in tuskenfaze wêze nei letter better.

  3. LB oktober 22, 14:31

    Ho!…dy sizze earder B bedoel ik.

  4. wim oktober 22, 18:02

    Ik leau dat ik wolris “wat giest/silst jûn dwaan” sis as memmetaalsprekker. ‘te’ brûk ik neffens my by sawol gean as sil.

  5. LB oktober 22, 19:37

    ‘Giest dwaan’ kin sljochtwei net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.