Frysk Museum siket ferhalen oer oarloch en frijheid

oktober 11, 2020 11:34

Om de útstalling Each yn each mei oarloch wat mear glâns te jaan, organisearret it Frysk Museum fjouwer temamiddeis dêr’t besikers harren ferhaal oer oarloch of frijheid op fêstlizze litte kinne yn in typte brief. Anne Brouwer en Lieke van den Kommenacker fan De Liefdesbode binne dêr op snein 11 oktober, 1 en 22 novimber en 13 desimber fan 13.30 oant 15.30 oere foar yn it museum. Foar de aktiviteit is it Frysk Museum op syk nei ferhalen, oantinkens oan oarloch en perspektiven op wat frijheid is. Alle ferhalen oer oarloch en frijheid binne wolkom.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Spesjaal foar de eksposysje is yn it museum in aparte moetingsromte ynrjochte. Yn dy romte wurde besikers ûntfongen troch Anne Brouwer en Lieke van den Krommenacker fan De Liefdesbode. Tusken 13.30 en 15.30 oere sitte hja klear achter harren typmasines om nei de besikers te harkjen en harren ferhalen daliks op te skriuwen. De liefdesbode is te gast op snein 11 oktober, 1 novimber, 22 novimber en 13 desimber.

Hoe wurket it?
Dielnimmers dy’t harren ferhaal oer oarloch of frijheid diele wolle, kinne har op kantoaroeren oanmelde fia it telefoannûmer fan it Frysk Museum: 058 – 255 55 00. Tegearre mei in meiwurker wurdt in datum en tydstip keazen. Besikers wurde op it ôfprate tydstip ûntfongen troch Lieke of Anne en geane yn petear. Dêr wurdt harren ferhaal live opskreaun, wylst de besiker wachtet of de útstalling Each yn each mei oarloch besjocht. It skriuwen fan de brief kostet ûngefear in healoerke, ynklusyf it foarpetear. Nei ôfrin krije dielnimmers harren brief mei nei hûs.

Each yn each mei oarloch
Each yn each mei oarloch, makke ta eare fan it fieren fan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch 75 jier lyn, jout in ynkringend byld fan de oarlochsjierren, it ferset en de Joadeferfolging yn Fryslân. Bekende en minder bekende ferhalen passearje de revue. De útstalling is makke troch it Frysk Fersetsmuseum yn gearwurking mei Tresoar, it Frysk Filmargyf en Histoarysk Sintrum Ljouwert. Der wurde films en foto’s sjen litten fan de Twadde Wrâldoarloch en de befrijing yn Fryslân. De eksposysje slút oan by it lanlike projekt De Twadde Wrâldoarloch yn 100 foto’s fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) en is noch oant en mei 3 jannewaris 2021 te sjen yn it Frysk Museum.

De leafdesboade
De Liefdesbode is in inisjatyf fan Anne Brouwer en Lieke van den Krommenacker Op bestelling kriuwe hja (leafdes)brieven. It projekt is ûnderdiel fan it programma Oer de drompel fan de gemeente Ljouwert, dat kultuermakkers de mooglikheid biedt om harren yn te setten om iensumens te ferminderjen en moetingen te stimulearjen.

Praktyske ynformaasje
De temamiddeis binne op snein 11 oktober, 1 novimber, 22 novimber en 13 desimber 2020, fan 13.30 en 15.30 oere. De tagong is fergees, graach yn ’t foar oanmelde.

oktober 11, 2020 11:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.