Frysk Museum en Prinsessehôf bekroand by MUSE-ûntwerpprizen

oktober 14, 2020 08:51

De útstallingen Wij Vikingen fan it Frysk Museum en Gezonken Schatten fan Keramykmuseum Prinsessehôf binne bekroand mei in sulveren MUSE Design Award. De ûntwerppriis waard takend troch in ynternasjonale faksjuery. Beide útstallingen binne foarmjûn troch Studio Louter en OPERA Amsterdam.

Foto: Frysk Museum

De MUSE Design Awards, dy’t diel útmeitsje fan de International Awards Associate, binne yn it libben roppen om in poadium te bieden oan ûntwerpers dy’t de ûntwikkeling fan design nei in heger nivo tille. De priis hat as doel om treflike útsjitters ûnder it wurk fan kreative professionals te earen en te stimulearjen.

Wij Vikingen
Oan ’e hân fan archeologyske skatten koe de besiker fan 19 oktober 2019 o/m 12 maart 2020 ûntdekke dat Wytsing net op in folk, mar op in libbensstyl sloech. Yn Wij Vikingen yn it Frysk Museum fertelden mear as fiifhûndert objekten út binnen- en bûtenlân oer de yngewikkelde relaasje tusken de Nederlânske kustbewenners en de Wytsingen. Blikfanger fan de útstalling wie it libbensgrutte Wytsingeskip yn de lêste seal, spesjaal boud foar de útstalling troch studinten fan ROC Friese Poort. Yn de útstalling waard de besiker troch seis sealen meinommen nei de Wytsingetiid. It útstallingsûntwerp spile yn op de belibbing fan de besiker, mei grutte linetekeningen, soundscapes en dramatyske projeksjes fan in woeste see en Wytsingen dy’t mei it swurd fochten. Fia audiohoarnen waard ferslach dien fan plonderingen.

Foto: Maarten van der Wal

Sonken Skatten
Op syk nei piper, side en porslein befearen skippen út alle wynstreken iuwenlang de Maritime Siderûte. De skippen dy’t fergiene, lizze soms hûnderten jierren as tiidkapsule op de boaiem fan de see. De fynsten út acht skipswrakken wiene fan 7 septimber 2019 oant en mei 28 juny 2020 te sjen yn Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute yn it Prinsessehôf. Lânkaarten, wandtekeningen en ynfographics joegen in byld fan elk skip, syn lading en lêste rêstplak. Fia audiohoarnen wiene de sinkferhalen fan de skippen te beharkjen. Troch projeksjes fan skipsbergingen koe de besiker boppedat yn ’e wrâld fan de ûnderwetterargeology dûke.

oktober 14, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.