Frysk en de nijynkommelingen

oktober 9, 2020 15:21

Jan A. Schulp

De skôging (It Nijs, 6 oktober) fan Jabik van der Bij, myn âld-kollega fan De Him, oer de mjitte dêr’t ûnderwiis de posysje fan it Frysk (net) yn fersterket is lang en kompleks, mar ek dúdlik. Oer de effekten fan ûnderwiis hat er genôch sein. Mei ik der ien aspekt oan taheakje? Dat is de hâlding fan nije ynwenners fan Fryslân foar de Fryske taal oer. Lit my mar gewoan earst de kasus nimme fan mysels en myn húshâlding.

Yn 1972 ferhuzen myn frou en ik út Amsterdam wei nei Snits. Ik wie dêr beneamd ta dosint biology oan De Him en ik fûn dêr in hiele kloft fan Fryskpraters: Jaap (doedestiids noch net Jabik) sels, Douwe van der Ploeg, Jan de Jong, Gerrit de Jong, letter ek Thomas Dykstra en noch wol in pear mear. Der wiene ek kollega’s dy’t it Frysk net sprieken of alteast net brûkten. In pear wiene ridlik anty-Frysk, mar de ynfloed fan de direksje en de kearn fan it team wie sadanich dat it Frysk in tige sterke posysje hie.

Ik wenne yn myn studintetiid yn in hûs op Uilenstede (in wenkompleks foar studinten fan de VU yn Amstelveen) dat oan Natio Frisica tawiisd wie – mar der wiene net genôch Friezen foar dat hûs, dus ik kaam dêr as Hollanner tusken te sitten; sadwaande kaam ik dêr yn ’e kunde mei de Fryske taal; haw doedestiids ek in pear romans fan Anne Wadman lêzen, dat alhiel frjemd wie it Frysk my net.

Fan de earste dei op De Him ôf haw ik besocht om my yn it Frysk út te drukken, en dat gie alle dagen better. Fryske boeken lêze, dat holp ek in soad by it útwreidzjen fan de wurdskat en it taaleigen. Ik moat der wol by sizze dat ik in soad niget haw oan talen en dat ik sa brutaal bin as de beul, net bang om flaters te meitsjen. Dat by my is it goed kommen.

De Him, Snits

Myn frou (en kollega oan de havo-top) siet oars yninoar: in grut begryp fan talen, mar te skruten om Frysk te praten as it net strikt nedich wie – en it probleem is: dat is it yn Fryslân suver noait. By ús thús wie dus de fiertaal Hollânsk, wol wat ta myn begrutsjen. Frysk wie foar op it wurk en bûtendoar, oant de tsjerkeried ta. Dan wurdt it foar de bern ek neat mei it Frysk – op ’e buorren yn Snits pikke se it net op, op de Frije Skoalle yn Ljouwert likemin, al die juf Kooistra noch sa har bêst, en op it Bogerman, hawar, se krigen Frysk, mar folle fertuten hat it net dien. En no wenje se net mear yn Fryslân.

De net-Friezen dy’t har ta wenjen sette yn Fryslân, kinne yn trije groepen ferdield wurde:

  1. Dy’t poer-negatyf steane foar it Frysk oer;
  2. Dy’t har der net om bekroadzje mar net fijnannich binne;
  3. Dy’t der in soad niget oan ha en aktyf oan ’e gong geane om har de taal eigen te meitsjen. Under it stik fan Jabik stiet in hiel aardige reaksje fan in Wim, dy’t him der wol foar ynset om him it Frysk eigen te meitsjen.

Sels hear ik ta de lêste groep, en wêrom is it dan yn myn húshâlding dochs neat wurden?

Ik ûnderskied trije faktoren dy’t inoar fersterkje:

  1. As fan in stel nijynkommelingen mar ien it Frysk leart, komt der fan it Frysk as deistige thústaal neat op ’e hispel. Foar dosinten fan kursussen soe it in punt fan omtinken wêze moatte om oan in kursist te freegjen: “Hat jo partner faaks ek ynteresse?
  2. De ûnsillige kombinaasje fan skrutelens by de nije ynwenner om Frysk te praten, ek al is de kennis fan de taal noch sa goed,
  3. en de gewoante fan gâns Friezen om har fuortdaliks te ferbrekken.

De faktoren 2 en 3 binne maklik om te sinjalearjen, mar dreech om der wat oan te dwaan…

Koartsein: it is in probleem en in ferlerne kâns foar it Frysk om fia de nijynkommelingen it tal Fryskpraters út te wreidzjen.

oktober 9, 2020 15:21
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 oktober 10, 11:13

    It Frysk is folslein ûnsichtber yn ús Fryslân. Dêrom is de hâlding sa’t er is (tsjin it Frysk oer). De nijkommeling mient dat it Frysk neat foarstelt (want hoecht it nea earne te brûken, want Friezen ferbrekke harsels maklik) én de Fries sels mient dat it Frysk neat foarstelt. Nea sil er kontakt opnimme mei Arriva bygelyks en freegje wêrom’t it Frysk sa’n bytsje is yn it iepenbier ferfier..

  2. Jan van Berkum oktober 13, 08:59

    Yn 1972 bestoken De Him nog net, wie it noch de christelijke pedagosche academie oan de parallelweg te Snits, ik kin it witte , ha myn diploma der un 1973 krigen

  3. Jaap oktober 14, 14:03

    De namme De Him hat de skoalle krigen doe’t it nije gebouw oan de Himdyk iepene waard yn 1974.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.