Frijwilligers socht foar ynsprekken Fryske sinnen

oktober 9, 2020 12:01

As it projekt Mozilla Common Voice genôch Fryske sprutsen sinnen sammele hat, kinne Friezen yn de takomst yn harren eigen taal harren telefoan bestjoere. No kin dat al wol yn it Nederlânsk en it Ingelsk, mar noch net yn it Frysk. Frijwilligers hawwe al 29 oeren oan sinnen oplevere, mar dat is noch lang net genôch. Dêrom wurde der mear frijwilligers socht

Fryskpraters kinne online sinnen ynsprekke op de webside: voice.mozilla.frl. Dat kin ienfâldich fia de telefoan, tablet of kompjûter. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is krekt wichtich by it opbouwen fan de dataset. Sa is it ek wichtich dat der sawol manljus- as frouljusstimmen opnommen wurde.

Deputearre Sietske Poepjes: “Foar de Fryske taal is it ek wichtich om mei te dwaan yn de digitale wrâld. Frysk type op de telefoan kin al mei handige apps lykas Gboard of Swiftkey. Mar hoe moai soe it wêze as wy aanst gewoan Frysk prate kinne tsjin Google Home of Siri?”

It doel is om úteinlik sa’n 300 oeren sprutsen Frysk te sammeljen. Mei dy dataset kin bygelyks in technologybedriuw spraakstjoerde tapassingen foar de Fryske taal meitsje. De provinsje wurket foar dit projekt gear mei de Afûk, Bibliotheken Fryslân, Fryske Akademy, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen en Tresoar.

oktober 9, 2020 12:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Romke Kroandyk oktober 14, 14:41

    Moat men sels de sinnen betinke ?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.