Friezen hawwe de measte streekeigen foarnammen fan Nederlân

oktober 5, 2020 13:00

boarne: pixabay.com

Fan alle Nederlânske provinsjes is Fryslân de provinsje mei de measte streekeigen foarnammen. Dat skriuwe de taalkundigen Gerrit Bloothooft en David Onland op Neerlandistiek.nl. Hja hawwe mar leafst 228 foarnammen fûn dy’t hast allinne mar yn Fryslân foarkomme. It giet net om seldsume nammen: as in namme minder as hûndert kear foarkomt, hawwe de ûndersikers him net meinommen.

As foarbylden fan typysk Fryske foarnammen, neame de ûndersikers by de manlju ûnder oaren Sijbe, Ebele en Rimmer. By de Fryske froulju binne ûnder oaren Folkje, Loltsje en Vrouwkje typysk Frysk.

Op nûmer twa stiet Súd-Hollân, mei 98 streekeigen foarnammen, lykas Leenderd en Clementia. De fan oarsprong Surinaamske namme Shivani komt yn Nederlân ek hast allinne mar yn Súd-Hollân foar. Grinslân stiet mei 57 streekeigen namme op it tredde plak.

De ûndersikers hawwe in namme as streekeigen teld as de helte fan alle minsken mei dy namme op minder as tritich kilometer ôfstân faninoar wenje. Mei-inoar binne der 549 streekeigen nammen yn Nederlân. Goed fjirtich persint fan harren wennet yn Fryslân. Yn Flevolân is it minst sprake fan in eigen nammekultuer: allinne de nammen Jurie, Hartger en Lubbe(r)tje binne typysk foar dy provinsje.

oktober 5, 2020 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.