Frânske dokters pleitsje derfoar om it lân wer op slot te setten

oktober 27, 2020 08:42

Yn Frankryk gean hieltyd mear stimmen op om gau hurdere maatregels tsjin koroana te nimmen. Dokters en politisy pleitsje foar in útwreiding fan de jûnsklok of om it lân folslein op slot te setten. “Al sûnt in pear wike binne wy de kontrôle oer de epidemy kwyt. Der sit noch mar ien ding op: it lân moat wer op slot”, sei ynfeksjolooch Eric Caumes op de Frânske radio.

Foto: pixabay.com

Sneintejûn waard bekend dat der yn Frankryk yn 24 oeren tiid 52.000 nije besmettingsgefallen by kommen wiene, in rekôr. Begjin ferline wike kamen der 35 nije pasjinten deis by op ’e IC. Ein ferline wike wiene it tachtich deis. Yn Parys en omkriten is no twatredde fan alle IC-bêden beset troch koroanapasjinten. Neffens de wittenskiplike advysrie fan presidint Macron litte dy sifers noch net it hiele byld sjen. De rie rûst dat as net-teste minsken en minsken sûnder symptomen meiteld wurde, sa’n hûnderttûzen Frânsen deis de goarre skypje. Dat is twa kear safolle as it offisjele sifer.

De ôfrûne moannen waarden hieltyd beheinde en lokale maatregels nommen, lykas it sluten fan de hoareka. Der kaam ek op ferskate plakken in jûnsklok. Minsken meie fan 21.00 oant 06.00 oere net mear de dyk op. Mar it firus grypt noch altyd om him hinne. De foarsitter fan doktersferiening URPS warskôget dat mei mear as 40.000 nije besmettings deis en in stjertesifer fan 0,5 persint, it lân oer trije wike te krijen hat mei 200 deaden deis.

oktober 27, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.