Frâns Kuipers: Gjin Gedoch

oktober 3, 2020 20:00

Kollum

Wy sjogge hoe’t ‘De Haach’ wrakselet mei it útfinen fan in lykwichtich belied om de opnij opkommende koroana de kop yn te drukken. Oer it wol of net ferplichte dragen fan mûlemaskers wurdt hiele dagen praat en der is gjin sprake fan ienheid oangeande de krekte effekten fan it dragen fan it mûlemasker. Dochs is der yn polityk De Haach nei lange skoften fan debattearjen in soarte fan oerienkomst berikt. Us mienskiplik hâlden en dragen is beskiedend foar wol of gjin twadde ‘lockdown’.

It omgean mei it Europeeske en it Ryksbelied oangeande it behâlden, mar mear noch it folle mear foarútbringen fan it Frysk yn ús mienskip, liket in bytsje op hoe’t der kediisd wurdt oer it belang en it nut fan it brûken fan mûlemaskers. It Frysk is wol belangryk foar Fryslân en ek wichtich foar it Ryk, want it Frysk is dé twadde rykstaal fan Nederlân, mar och, foar wa en foar hoefolle minsken is dat noch wichtich?

Kontraproduktyf
Der hinget yn Fryslân en yn de polityk in bytsje in hâlding fan: wy moatte earst mar ris ôfwachtsje oft der foar it Frysk wol genôch draachflak is. Wy sette der net te folle druk op, want soks wurket faaks kontraproduktyf.  ‘Iedereen verstaat en leest toch Nederlands’, waarom zoveel gedoe over dat Fries?’ Algeduerigen litte striders foar it Frysk fan har hearre. Der binne Fryske aksjegroepen nedich om de polityk aloan wer te wizen op it feit dat it Frysk mear omtinken fertsjinnet. In busfol Fryske striders giene yn oerlis mei keamerleden en ministers om harren derfan te oertsjûgjen dat it Frysk in folweardich besteansrjocht hat. Wetlike sjoen hawwe alle bern yn Fryslân rjocht op it learen fan de Fryske taal op skoalle. Alderhande wichtige rapporten en wittenskiplike ûndersiken, proefskriften en in bestjoersoerienkomst litte sjen dat it Frysk mear stipe nedich hat. Soks wurdt dan wol ynsjoen en bekrêftige, mar as de bus wer nei Fryslân rydt, of as in gearkomste oer it belang fan it Frysk ôfrûn is, ferdwine de makke ôfspraken mei de wyn de wolken yn, sa komt it – by my – oer.

Ien metoade
De provinsje hat as taak om derfoar te soargjen dat it Frysk yn it basisûnderwiis yn alle regio’s – útsein It Bilt en de Stellingwerven – yn de lesprogramma’s opnommen wurdt. Mar, te folle skoallen wurde dêrfan frijsteld, omdat se sizze dat se der net op taret binne. Der binne te min learkrêften dy’t it Frysk op in goede manier jaan kinne. Oars sein: der binne gjin geskikte mûlemaskers. Dat is in te maklik ekskús. Der binne tal fan skoallen dêr’t  it Frysk wol in goed plak yn it lesprogramma krige hat.

Gjin gedoch
‘Sis Tsiis’ hat op de earste dei fan de berneboekewike op It Hearrenfean trije skoallen yn it sintsje set, om’t dêr op in goede manier omtinken jûn wurdt oan it befoarderjen fan it  Frysk. Dêr wurdt in goede metoade brûkt, dy’t oanslacht by de bern en dêr hawwe de bern niget oan it learen fan it Frysk. Wêrom kin dat lespakket net oeral yn Fryslân, útsein de Stellingwerven en It Bilt, yn praktyk brocht wurde? Fergelykje dat mei it oanlearen fan ferkearsregels. Oeral yn Nederlân binne de ferkearsregels gelyk en alle bern leare om yn it ferkear fytsen. As se 18 jier binne, kinne se it autoriden leare, want de regels binne oeral gelyk. 30 km is 30 km, 100 km is 100 km, punt út! Simpel? Ja! It bêste is om alle ‘twingerij’ oangeande de bêste oanpak op te bergjen en te besluten om de Hearrenfeanster Metoade Frysk (HMF) oeral te brûken. Is soks werklik sa dreech? Ja, mar allinnich dan as de mienskiplike wil ûntbrekt.

Saaklike oanpak nedich
It hat der alles fan de deputearre Poepjes der mear wurk fan meitsje wol. Sy oppenearret har. Saaklik oerlis mei oantruners fan it Frysk en mei alle ûnderwiisynstellingen en de learare-oplieding fan NHL Stenden kin it Frysk foarút helpe. Wat der nedich is moat hannen en fuotten krije. De ûnderwiiswet is dúdlik. It Frysk moat siedde wurde by jonge bern en dan komt it oer 10, 20 jier fansels goed. Sa simpel is it. Fierder foarútsjen, gjin gedoch, oan ’e slach.

oktober 3, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. LB oktober 4, 07:59

    Kin ien my útlizze wêrom’t de Biltkers ûntheffing krije moatte soene foar Frysktalich ûnderwiis?

  2. Cor Jousma oktober 4, 10:00

    De Biltkers hawwe gjin ûntheffing foar Frysktalich ûnderwiis. Sjoch sels mar op de Frysktalige Wikipedia:

    https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_profilen_Fryske_taal_(basisskoallen)

    De measte skoallen dogge it kwa profilen Frysk A of B krekt goed. Wol wurdt der op it Bilt ek omtinken oan it Biltsk jûn!

  3. Klaas Bijlsma oktober 4, 15:20

    Werom krijt et stadsfries gien ontheffing foor het Fries? Wat is et verskil tussen het Bildts en et Stadsfries?

  4. Cor Jousma oktober 4, 23:12

    It Bilts hat gjin ûntheffing!

  5. LB oktober 5, 06:30

    Neffens Kuipers hjirboppe ál. Hawar. @ Bylsma, stedfriezen binne ek Friezen.

  6. Frâns Kuipers oktober 6, 20:32

    Ik bin de skriuwer fan dizze Kollum. Ik haw de útsundering fan de Stellingwerven en It Bilt fan ynternet helle. Ik leauw fan Cor Jousma sels. Cor hat gelyk dat de skoallen fan de Stellingwerven en It Bilt wol it Frysk oanbean krije. Ik haw net djip genôch socht. Spitich ‍♂️

  7. Frans oktober 8, 21:03

    Beste lêzers fan ItNijs, 
    Ik haw in flater makke yn myn kollum oangeande mear Fryske les yn it ûnderwiis. Ik skreau dat dit eins oplein wurde moast, útsein de Stelllingwerven en it Bilt. Dat doocht net. Cor Jousma hat dit rjocht set. Tank Cor.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.