Frâns Kuipers: Gjin fyzje?

oktober 31, 2020 20:29

Kollum

“De takomst leit efter ús”, sei ik ris tsjin in jongfeint fan om de 22 jier hinne.
“Hoe bedoelt Frâns?”
Wy sieten op in freedtejûn gesellich yn ús kluplokaal oan ’e kofje. De postdowen giene yn de grutte griene frachtwein fan “Friesland ’96” nei Quivrain/Frankryk, 450 km himelsbreed hjirwei. De oare moarns soene se mei 90 km/û om it hurdst wer nei hûs ta fleane, want der stie in súdwestewyn, krêft 4. Sa wurket it spyljen mei postdowen.

Takomst leit efter ús?
Ik fertelde oer in begjinnende boufakker of strjitmakker, dy’t alle wiken in moai bedrachje byfertsjinne njonken syn fêste (of zzp-)baan. Beune. Dat kaam him bekend foar. Ik gie fierder: “In sterke jongkeardel kin oan it begjin fan syn wurksume libben syn knibbels en skonken kapot wurkje, want algeduerigen de ljedders op en ôf is swier wurk.
“Dat is wier”, reagearre er. “Swier wurk wurdt net genôch betelle, dêrom is byfertsjinjen faaks nedich!” Dus is datjinge wat jo dogge yn it ferline beslissend foar de takomst? Hy knikte fan ja. Is de WAO ien fan de gefolgen?
“Soe sa mar kinne”, andere er. Hy skodholle, dronk syn kopke leech en gie mei in knypeach fuort. “Hoi!” de oare moarn hie er in putsje.

Rutte-I
It foargeande ferhaaltsje is in metafoar foar it belied fan Rutte-I (II en III). Ik bedoel de situaasje om sikehuzen, sûnenssoarch, ferpleechhuzen en thússoarch yn Nederlân hinne is in gefolch fan de prutserij fan Rutte. Dat begûn yn 2010 mei Rutte-I. De VVD regearre mei it CDA en gedoger PVV’er Geart Wilders. Slûpendewei krige de merkwurking greep op de soarch. De soarchfersekerders gie it foar de wyn. April 2012 stapte Geart Wilders op. Hy luts syn gedoochstipe yn. Syn ferhaal wie dat er net mear meiwurkje woe oan it útwreidzjen fan merkwurking yn de soarch. Rutte-I wie dien.

Nimmen woe ea wer mei Geart Wilders gearwurkje. CDA-fraksjelieder Sybrand Buma foarop. Mei Maxime Verhagen wie hy yn 2010 foarstanner fan gearwurking mei Wilders. 33% fan de CDA’ers stimde tsjin Wilders. Ik wie der ien fan. Net sa lang lyn hat Verhagen – as iennichste (!!) – iepenlik yn de media tajûn dat gearwurking mei Wilders in ferkearde kar west hat. As foarsitter fan Bouwend Nederland hat er der wol in moaie baan oan oerholden. Sa giet soks dus.

Rutte-II
Rutte-II mei dêryn de VVD en de PvdA kaam yn 2012 fan ’e grûn (2012-2017). Samson en Rutte wiene it gau iens. Rutte-II krige it swier foar de kiezzen, fanwegen de finansjele en ekonomyske resesje dy’t sûnt 2008 hearske. Besunigje wie de metoade om it allegear wer op oarder te krijen. It yn de ‘sêfte’ sektoaren snijen waard yn gong set. Op grutte skaal belâne soarchpersoniel op ’e dyk. It fusearjen fan sikehuzen waard oanmoedige, mei as gefolch dat (ek) regionale sûnenssoarch yn ’e knipe kaam. Opfallend is dat it CDA yn de Twadde Keamer ynstimde mei de measte besúnigingen.

De PvdA hat foar gearwurking mei de VVD foars betelle. By de Twadde Keamerferkiezingen yn 2017 gie de PvdA fan 38 nei 9 sitten. It folk jout en nimt. No besiket Asscher syn natuerlike oanhang werom te krijen mei de gjalp: ynvestearje yn stee fan besunigje. Tachtich persint steatsskuld is gjin probleem. Krektoarsom dus. “Het kan verkeren”, sei Brederode.

Rutte-III
It CDA gie – sûnder te witten hoe’t de sûnenssoarch derfoar stie – glimkjend yn see mei de VVD, oanfolle mei de CU en D66. De formaasje duorre hiel lang, it waard in akkoart mei swierrichheden, dy’t sa no en dan de kop opstekke. Mar, it ‘snijen’ yn de soarch gie yn folle faasje troch. Dat earmeren aloan earmer waarden, dêr waard net mear oer praat. (CDA’er Pieter Omtzigt, no de twadde man fan it CDA, tocht der lokkich oars oer).

Merkwurking yn de soarch soe alles folle goedkeaper meitsje. De neo-liberale oanpak florearre. En just dat neo-liberale belied is der de oarsaak fan dat der fierstente min wurkers binne yn sikehuzen, ferpleechsoarch, âldereinsoarch en thússoarch. It knypt no oan alle kanten! De saak rint folslein fêst. No gjalpe sawat alle politisy om mear soarchmeiwurkers. Tagelyk is it in poepetoer om ús ‘keien yn ’e soarch’ in strukturele leansferheging te jaan. “Wij doen het allemaal al!”, âlet Rutte. Net sa gek dat aloan mear Nederlanners it fertrouwen yn de polityk kwytreitsje. Wat troch de tiid hinne stikken gien is, is net samar wer hiel.

Gebrek oan fyzje?
Alles wat politisy hjoed wol of net dogge en/of beslute hat syn útwurking op de situaasje fan moarn en oare moarn. De politike flaters dy’t laat ha ta de grutte problemen fan hjoed sille nea tajûn wurde. No way! It measte fan wat der no mis is, is net foarsjoen.

Mark Rutte fynt dat minsken dy’t om in fyzje freegje nei de eachdokter moatte. Rutte wurket pragmatysk: Wat is het probleem en hoe lossen we dit op! Sa’n wurkwize komt sterk oer. Tajûn. Hy brûkt wollige taal om ‘flaters fan it ferline’ ta te dekken. Mar dat slagget him no net mear, want alle dagen wurdt dúdlik dat der oan alles in tekoart is. Tagelyk wurkje Rutte en De Jonge harren in slach yn ’e rûnte om nije oplossingen te finen. Applaus, mar feitliken is dit in foarm fan tajaan dat it neo-liberale besunigingsbelied net goed útpakt. Gjin juste fyzje is de oarsaak fan alle ellinde.

oktober 31, 2020 20:29
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abbema novimber 1, 13:03

    Moai mûlkapke, mar de pompeblêden lizze op’e kop.

  2. D. Kuipers novimber 1, 17:42

    Komt fanwege it mulkapke net helder troch……?

  3. Frans novimber 2, 21:29

    Mûlekapke ha ik ‘domwei’ opset dus. Ekskuzen.

  4. folkert de Vries novimber 4, 12:23

    In moai stik tekst! Ik freegje my ôf wêrom hiele volksstammen op ‘e VVD stimme. Wolle se op de wierskynlik winnende partij stimme? Sels by de rûn de forkiezings organisearre skoalleferkiezings stimme 17-jierrigen masssaal foar de VVD. Blykber beseffe se har net dat de kabinetten Rutte har generaasje neat yn de rekken het.Rutte’s opset , studearje is foar de riken , liket elk jier tichterby te kommen.Hoe is it mooglik dat kiezers sokke eagkleppen op hawwe ?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.