Finalisten sjongfestival Liet bekend, mar finale giet net troch

oktober 18, 2020 20:47

De finale fan Liet 2020 yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert giet freed 6 novimber net troch. Troch it tanimmend tal koroanabesmettingen en de nije strange maatregels sjocht it bestjoer fan Liet gjin mooglikheid om de finale noch feilich en folweardich te organisearjen. As de situaasje wer ferbettere is, sil in nije gaadlike datum foar it Fryske sjongfestival socht wurde.

Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân en poppoadium Neushoorn sil Liet op ‘e siik nei in nije datum foar de finale. “De dielnimmers hawwe harren sa ynspand de ôfrûne moannen. Liet wol harren dat poadium biede dat se fertsjinje”, seit Tjallien Kalsbeek fan it produksjeteam fan Liet.

De finalisten binne ûndertusken bekend. It Fryske publyk hat de ôfrûne twa wiken fia in digitale stimming 2433 stimmen útbrocht. Dat binne der rom mear as ferline jier. Trettjin acts wienen noch yn ‘e race foar in finaleplak. De twa acts mei de measte publyksstimmen binne streekrjocht troch nei de finale. De seis oare finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery, dy’t bestiet út singer-songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt.

De twa artysten mei de measte publyksstimmen binne Janneke de Boer en Fegebart. Sy hiene tegearre mear as 28 persint fan de stimmen en binne dêrom troch nei de finale. De oare seis finalisten binne Douwe Dykstra, Mosken, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.

oktober 18, 2020 20:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.