Fiif kulturele lokaasjes yn Fryslân krije ûntheffing

oktober 3, 2020 08:26

Foarsitter Sybrand Buma fan Feilichheidsregio Fryslân hat op grûn fan de needferoardering fan syn organisaasje fan 30 septimber 2020 ûntheffing ferliend oan fiif gebouwen fan grut kultureel belang foar de regio. Dêr jildt gjin maksimum fan tritich persoanen yn ien romte foar. 

Foto: Wikipedia/eigen wurk De Lawei – lisinsje CC BY-SA 4.0

De ûntheffing jildt foar de neikommende lokaasjes:

  • De Harmonie yn Ljouwert
  • De Lawei yn Drachten
  • Posthuistheater op It Hearrenfean
  • Theater Snits
  • De Koornbeurs yn Frjentsjer

Dy hawwe in hege kulturele wearde foar Fryslân en meitsje essinsjeel ûnderdiel út fan de Fryske kulturele ynfrastruktuer. Se hawwe de ôfrûne tiid bewiisd har goed oan ’e regels hâlde te kinnen en wurkje mei goedkarde protokollen, dy’t in feilige besite garandearje kinne.

Oare konsertsealen en teaters yn ’e regio sille har hâlde moatte oan de algemiene Ryksmaatregel dat sy inkeld aktiviteiten organisearje meie mei in maksimum tal fan tritich besikers (personiel net ynbegrepen).

Wannear’t de situaasje feroaret, kin de foarsitter fan Feilichheidsregio Fryslân de ûntheffing opnij yn him omgean litte. Dan kinne de neamde lokaasjes dochs noch tichtgean of kin de foarsitter beslute dat mear lokasjes foar de ûntheffing yn ’e beneaming komme.

oktober 3, 2020 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.