Fiif jonges huffe âldbaas dea yn Arnhim

oktober 29, 2020 12:31

Foto: Plysje Nederlân

Yn ‘e Spijkerstraat yn Arnhim hawwe fiif jongkeardels in âldbaas deahuft. Woansdeitejûn om kertier oer njoggenen kamen hja him tenei. De sikewein kaam derby, mar omdôch: it slachtoffer is wilens wei.

De plysje hat fia Burgernet in oprop dien om út te sjen nei de dieders. Ta argewaasje fan in soad minsken wie it sinjalemint lykwols beheind ta de klean: fjouwer fan ‘e jonges hiene swarte klean oan, ien in wite kapusjontrui.

It is net bekend wat de jonges bekrûpt hat om de âldman tenei te kommen. De plysje is dwaande mei ûndersyk en stiet der by tsjûgen fan ‘e deahufferij op oan dat hja lûd jouwe.

oktober 29, 2020 12:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.