Ferkiezingstema CDA: Frysk moat yn de grûnwet
Resint ferskynd
Dat it Frysk in Rykstaal is, moat yn de grûnwet. Dat seit it CDA. De partij is fan betinken dat de Rykstalen yn de grûnwet neamd hearre te wurden. It Nederlânsk wurdt der no ek net yn neamd en dat moat ek feroarje.
Fierders moat der neffens it CDA yn (oare) wetten better regele wurde dat de oerheid romte makket foar kommunikaasje yn de talen Papiamintsk, Ingelsk, Limburchsk en Nedersaksysk.
Dat stiet yn Zorg voor elkaar, it ferkiezingsprogramma fan it CDA. “Taal verbindt en maakt dat we elkaar begrijpen en verstaan”, sa stiet der yn it programma te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje