Feriene Naasjes krije Nobelpriis foar de frede foar omdieling iten

oktober 9, 2020 11:40

Foto: NASA

It Nobelkomitee yn Noarwegen hat de Nobelpriis foar de frede takend oan de Feriene Naasjes foar it Wrâlditerijprogram, in ôfdieling dy’t soarget foar it omdielen fan iten oan flechtlingen en oan slachtoffers fan rampen. Ferline jier hawwe sa’n hûnder miljoen minsken yn 88 lannen iten fan ‘e Feriene Naasjes krige. Neffens it komitee bestriidt de omdieling net inkeld de honger, mar docht er ek sines ta stabiliteit en frede.

Hoewol’t de nominaasjes foar de fredespriis al dien binne foardat de koroanasykte in wrâldwiid probleem waard, behelle it komitee it effekt fan it iterijprogram op ‘e goarre wol yn ‘e argumintaasje om de priis ta te kennen. Yn it rapport stiet: “Salang’t der gjin faksin foar it firus bestiet is iten it bêste medisyn om gaos foar te kommen.”

Oare gadingmakkers foar de priis wiene de Amerikaanske presidint Trump, de Sweedske klimaataktiviste Greta Thunberg en noch goed twahûndert oare minsken en sa’n hûndert organisaasjes.

De Nobelpriis bestiet út in bedrach fan hast in miljoen euro.

oktober 9, 2020 11:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.