Ferfanging spoarbrêge nei Dútslân folle letter klear

oktober 20, 2020 12:10

Friesenbrücke by Weener (East-Fryslân)

De Friesenbrücke yn East-Fryslân, krekt oer de lânsgrins by it doarp Weener, is earst yn 2030 wer klear foar gebrûk. Dat seit it Bundesrechnungshof, de Dútske rekkenkeamer.

De brêge, dy’t treinferkear tusken Grins en Lear moolk makket, waard yn 2015 raamd troch in frachtskip. Sûnt moatte treinreizgers tusken Weener en Lear mei de bus ferfierd wurde.

De kosten falle folle heger út as dat earst ferwachte waard. Ynstee fan tritich miljoen euro kostet de ferfanging 96 miljoen euro. Dat komt mei troch in lobby fan de skipshelling Meyer yn Kloppenburch, dy’t pleite hat foar in oar type brêge. Ynstee fan in selde type flapbrêge as dat der oarspronklik siet, soe der in draaibrêge komme moatte. Dy makket it moolk om de grutte skippen fan Meyer yn ien kear trochfarre te litten nei de Dollard.

Matthias Groote, haad fan de provinsje Lear, wie net wiis mei it nijs fan it Bundesrechnungshof. “Wy misledigje ús Nederlânske freonen”, sei er. “Grinslân en it Nederlânske regear hawwe jild efterút lein foar in flugge trein fan Grins nei Bremen. Bliuwt dat jild aansen op ‘e planke lizzen?”

oktober 20, 2020 12:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.