Feie Fonyk: Rikke woarst en kening

oktober 23, 2020 09:59

Kollum

As bern sammele ik postsegels. De frou en ik hawwe de postsegels dy’t sy sparre en mines byinoar dien. Dat is ien fan de redenen om net útinoar te gean, want wy witte nei safolle jierren net mear wat fan wa wie. Doe’t wy trouden hawwe wy tegearre postsegels garre, mar net systematysk. Yn Frankryk kochten wy guon om in bysûndere foarstelling. Sa waarden dêr yn 1989 trije postsegels útjûn om de Frânske revolúsje te betinken mei foarstellingen fan liberté, égalité en fraternite. Soks kochten wy dan.

Us âldste postsegel is neffens de NVPH-katalogus dy fan Prinses Wilhelmina (hangend haar), de blauwe fan 5 sinten. Utjûn tusken 1891 en 1894. As bern tocht ik yn myn ûnnoazelens dat de prizen yn sa’n katalogus betsjutting hiene, mar doe’t ik ea yn in postsegelhannel in searje ferkeapje woe, ik sil fjirtjin west hawwe, woe er se net hawwe. It is dêrom gjin ynvestearring foar de âlde dei, sa’t ik ea mei skrik fan ien hearde dy’t om dy reden in muntesamling opset hie.

De postsegel dy’t op dit stuit it meast brûkt wurdt, is dy mei de byltenis fan ús kening. It binne tsien segels foar € 9,10. Derneist hast ek in fel mei tsien plaatsjes fan Nederlânske ikoanen lykas in ko, in fyts, in stik tsiis en in klomp. Ik keapje altyd dy plaatsjes, want ik bin al jierren yn ier en sinen in republikein. Us kening en keninginne binne aardige minsken en neffens in part fan de befolking foarmje se in binende faktor. Der binne guon dy’t hawwe wolle dat in keninkryk better is as in republyk. Sjoch nei Trump of Poetin sizze se dan. Mar men hoecht Dútslân mar te ferlykjen mei Thailân of Saudy-Arabië om te witen dat soks ûnsin is.

Jierren haw ik oan Juliana en Beatrix slikke. Hoechst net mear oan Willem-Alexander te slikjen. Dy is selsklevend wurden. Der binne minsken dy’t no har pas – nei de lêste reis fan it keninklik hûs nei Grikelân, de oanskaf fan in djoere boat en it jild dat de âldste dochter krijt – ôffreegje hoelang oft wy dit wûnderlike ynstitút noch hâlde moatte. Sa’n revolúsje as yn Frankryk krije wy hjir net. It keningshûs sil oan Nederlân ferbûn bliuwe lykas ‘Typisch Nederlands Rookworst’. Der kinst in postsegelfel fan keapje, 6 stik foar € 5,46. Dêr moatst sels wol oan slikje.

oktober 23, 2020 09:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren oktober 25, 16:58

    Revolusjes komme fakentiids unferwachts, mei inbytsje gelok krije we noch in postsegel mei president…….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.