Feie Fonyk: ‘Gezond Verstand’

oktober 29, 2020 11:11

Kollum

Foar my leit nûmer 2 fan Gezond Verstand. Dat nije tydskrift, dat woansdei 28 oktober útkaam, kostet € 3,60. In abonnemint fan 24 nûmers kostet 75 euro. It earste nûmer hie in oplaach fan in miljoen en waard fergees ferspraat. Op de webside fan it blêd: “Gezond Verstand is een onafhankelijk blad, opgericht in augustus 2020, en verschijnt elke twee weken in een oplage van 100.000 exemplaren. Gezond Verstand is een blad voor iedereen die objectief en waarheidsgetrouw geïnformeerd wil worden over wat er gebeurt in de wereld. Een blad met serieuze, kwalitatief hoogstaande journalistiek ter bevordering van een burgerschap met gezond verstand.”

Guon, ek politisy, binne fan miening dat de hannel it tydskrift net ferspriede moat, want it stiet fol mei “komplotteoryen”. Firolooch Marion Koopmans fynt it “brievenbusvervuiling”. De fersprieders binne fan betinken dat it net oan harren is om in oardiel te jaan. Wat printe wurdt en net troch de rjochter ferbean is, kin frij ferkocht wurde. De keapers moatte sels mar in oardiel jaan. It liket my dat se dêr gelyk oan hawwe, grif ast sjochst watfoar rotsoai oan tydskriften der te keap is.

Kritysk oer it mûlekapke

Maxim Februari hie tiisdei 27 oktober yn de NRC in koarte skôging oer Gezond Verstand. Neffens him is der gjin reden om it net te ferkeapjen. Syn earste yndruk nei it lêzen fan it earste nûmer is dat in part fan de skriuwers belang hat by de takomstige enerzjyfoarsjenning en dan benammen foar it yn stân hâlden fan it gas. Sadwaande dat der posityf oer Ruslân skreaun wurdt.

Yn it ynliedende artikel by it twadde nûmer skriuwt oprjochter Karel van Wolferen oer de katastrofale gefolgen fan de maatregels tsjin de Covidpandemy. In tal oare bydragen is kritysk oer it mûlekapke en de drakoanykse maatregels dy’t oan de befolking oplein wurde. It lêste artikel fan de útjefte befettet in skôging oer Brave New World fan Aldous Huxley en George Orwell’s 1984. Yn beide boeken wurdt troch de oerheid in diktatuer oplein oan de befolking lykas no by dizze pandemy.

Myn earste yndruk is dat wy dit nije tydskrift it foardiel fan de twivel jaan moatte. It liket net fol te stean mei totale ûnsin en it hâldt de diskusjes oer aktuele saken libben. Salang’t wy Arjen Lubach hawwe mei ‘Zondag met Lubach’ en in programmaûnderdiel as “fabeltjesfuik” sil it mei de yndoktrinaasje fan neitinkend folk wol tafalle.

oktober 29, 2020 11:11
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe oktober 30, 13:46

    Yn de perioade maart-juny 2020 binne yn Nederlân mear as 10.000 minsken méar ferstoarn as it gemiddelde yn deselde moannen fan de jierren 2016 oantemei 2019. It steurt my dat de redaksje fan ItNijs meint meihelpe te moatten om de striid tsjin it firus te ûnderwrotten mei dit warrige skôginkje fan in anonime skriuwer oer in dom bledsje fan dubieuze komplottinkers. It soe de redaksje siere om dêr ekskús foar oan te bieden oan al dy minsken dy’t immen oan Covid-19 ferlern hawwe de ôfrûne tiid. As it besykjen om ‘de aktualiteit’ te folgjen ditsoarte skealike flauwekulkopij fan gefolgen hat, noch boppe op de net út te roegjen oanstriid, blykber, om omtinken te jaan oan de wyklikse moardsaak, meastal mei in islamityske dieder, sjit ItNijs syn doel yn myn eagen fier foarby. Foar privee hobbys binne der weblogs. Foar serieuze kopij oer Fryslân en it Frysk ha wy ItNijs. It soe moai wêze as dat sa bliuwe koe.

  2. Frans novimber 2, 21:26

    Ik bin it mei Abe iens dat ItNijs wol kritysk bliuwe moat. Wat it nije blêd ‘Gezond Vestand’ oanbelanget, tink ik dat dit blêd fansels deablied. Alteast, dat hoopje ik.

  3. Feie Fonyk novimber 3, 12:49

    It Nijs is net allinne bedoeld foar serieuze stikken oer it Frysk of Fryslân. Ik tink dat Abe “Gezond Verstand’ net yn de hannen hân hat, mar him liede lit troch wat oaren roppe. Boppedat lêst er it stik fan Feie net goed. Dy sprekt him net út oer it Covidbelied. It giet Feie derom datst ûnnoazelen of kritisy net hoechst te ferbieden om wat te publisearjen. Feie is kritysk genôch oangeande healwizen sjoen syn ferwizing nei Lubach en de “fabeltjesfuik”.

  4. Rommert Tjeerdsma novimber 6, 16:45

    Ik haw ‘Gezond Verstand’ wol lêzen. Sa wurdt der sein dat der gjin twadde Coronaweach komme sil. (Yn it nûmer fan ein oktober!) It stiet fol tsjinstridichheden. Sa skriuwe se dat it ferplichte stellen fan mûlkapkes in oanslach op de minskerjochten is. Mar de ynwenners van Wyt-Ruslân meie net foar harren minskerjochten opkomme, want Loekasjenko hat it bêste mei har foar, neffens itsele nûmer. Wy hawwe ús de bûsen útskuord oer safolle healwizichheid. Mar dat wol net sizze dat gjijnien dit leauwe sil. De wrâld wol graach bedrage wurde, en wy hawwe allegear mei de gefolgen dêrfan te krijen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.