Eksposysje Jan van Tuinen & Johan Visser yn Galery Bax yn Snits

oktober 16, 2020 08:51

Oant en mei 21 novimber is der in eksposysje fan Jan van Tuinen & Johan Visser te sjen yn Galery Bax Kunst yn Snits. Der binne ferkate skilderijen en tekeningen selektearre fan de ûnderwilens ferstoarne Snitser keunstner Van Tuinen dy’t noch nea earder earne eksposearre waarden. De houten bylden fan Johan Visser kompletearje de ekspoysje.

Wurk fan Jan van Tuinen (boarne: Bax Kunst)

De eksposysje mei keunstwurken fan Jan van Tuinen (1944-2012) is tige nijsgjirrich foar keunstleafhawwers. Der is noch hieltyd in protte belangstelling foar syn wurk by leafhawwers en samlers fan binnen en fier bûten de regio.

De yn Snits berne keunstner die syn oplieding oan de ambachtskeunstskoalle yn Ljouwert en dêrnei oan de Stichting Ateliers ’63 yn Haarlim. Hy wenne en wurke lange jierren yn Snits. De keunstner fierde yn de sechstiger jierren, mei Folkert Postma en Peter Bax, in stikmannich action painting-sesjes út. Van Tuinen wurke lang as fotolitograaf by printerij Flach.

De lêste jierren wie der wer sprake fan dat er syn wurk as keunstner wer fuortsette woe nei in langer ôfskie fan syn keunstnerskip. Syn sûnens hat dat lykwols net talitten. Op 27 augustus 2012 ferstoar Van Tuinen, dy’t yn 1978 ûnder mear bekendheid krige mei syn spraakmeitsjende Fryske Flaggeprojekt.

‘Broedsje’ fan Johan Visser (boarne: Bax Kunst)

Johan Visser is hikke en tein yn Ljouwert. Nei in protte jierren mei tapaste keunst dwaande west te hawwen is er begûn mei frij wurk. Syn materiaal is benammen hout yn kombinaasje mei oare materialen. Objekten mei in humoristyske knypeach, dy’t romte nedich hawwe om oanwêzich te wêzen. Ferskate bylden waarden eksposearre yn ûnder mear it Gemeentemuseum yn De Haach, de Fundatie yn Swol en it Frysk Museum.

De eksposysje besytsje
In besite bringe oan Galery Bax Kunst kin op de fêste iepeningstiden. “Wy folgje dêrby alle mooglike oanwizingen fan it RIVM. Dêrneist meitsje ús fertroude iepeningtiden it just goed mooglik om alle doelgroepen fan tsjinst te wêzen. Moarns op ôfspraak, middeis iepen foar publyk”, seit kurator Redmer Bax. Hy beslút: “De thússitter wolle we ek betsjinje mei dizze eksposysje fan hege kwaliteit. Dat dogge we online fia in firtuele toer en ús webside.”

De eksposysje duorret oant en mei 21 novimber 2020. Sjoch op baxkunst.nl foar mear ynformaasje.

‘H2Out’ fan Johan Visser (boarne: Bax Kunst)

oktober 16, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.