Einleas geëamel

oktober 15, 2020 09:33

Skôging troch Jabik van der Bij

As it Nederlânske alvetal wer ris in minne wedstriid spile hat stiet der in mannichte ‘kenners’ klear om te sizzen hoe’t it eins moatten hie. Dan binne it net de spilers dy’t op ’e kop krije, mar is it de begelieder (wy brûke dêr it wurd coach foar omdat wy noch gjin geef Frysk wurd betocht ha) dy’t de folle laach kriget. Hy/sy soe gjin sprút ferstân fan balskoppen ha en it bêste is dat er daliks syn ûntslach kriget. By koroana liket it net oars te kinnen. Elkenien hat der in miening oer en is net te beroerd om dy oaren yn it ear te tetterjen. Meastal binne dy mieningen net basearre op kennis en yn it aaklikste gefal op in syklike komplotteory. De krityk op it regear boazet de lêste wiken wer oan. Jûn oan jûn skowe se oan by de praatprogramma’s en wurdt der op twa stjoerders op likernôch deselde tiid withoe lang op om haffele. De presintatrise op RTL 4 mei har kateftige lûd fan kin der mar gjin genôch fan krije om ús wiis te meitsjen dat it allegearre sa ûndúdlik is en dat der ûnfoldwaande kommunisearre wêze soe troch de Haachske pommeranten. As in mûske oan de hagelslachpûde besiket se wat los te peuterjen om dat fiks op te blazen. “Wat bin ik in baas”! Dat se mei-inoar de betizing troch dat gepraat allinne mar grutter meitsje komt goed út, want dan kinne se de oere stjoertiid in oare kear teminsten ek wer fol krije.

Binne de foarskriften om it firus de kop yn te drukken dan sa ûndúdlik? Dat liket my wat ta te fallen: inoar op oardel meter ôfstân te hâlden en net boppe opinoar plakt yn in lytse romte, is gjin wurd Sineesk by. Dy suggerearre ûndúdlikens wurdt allinne mar brûkt om ûnder de maatregels út te kommen. It eigen hâlden en dragen oanpasse is foar de measten in stap te fier. Deistich binne telefyzjebylden te sjen mei minsken dy’t op in protsje byinoar steane. Mar ja, ‘oardel meter’ is ommers net dúdlik. En dan binne der guon dy’t yn noed sitte oer harren privacy as it giet om it brûken fan de app, mar sûnder euvelmoed litte se koekjes (cookies) ta op harren kompjûter en smite se har hiele siel en sillichheid te pronk op de sosjale media. Gelokkich binne der genôch dy’t wol besykje om har te hâlden oan de ôfspraken, ek al binne dy iensidich makke. Yn Snits fernim ik dat hast elkenien op strjitte besiket om inoar út ’e wei te gean. Yn ’e winkels passe de measten har oan de foarskriften oan. Elkenien hat hjir en dêr wol syn twivels oer guon maatregels. Dat moat kinne. As der in hantsjefol âlden by it fuotbalfjild steane, liket it besmettingsgefaar frijwol nul te wêzen, mar dochs is it no ferbean. De restauranten ha de boel ek kreas foarinoar, mar se moatte in skoft ticht. Sa sille der noch wol wat saken wêze dêr’t einleas oer jeuzele wurde kin, mar ik hoech net fuort de moarns nei it telefyzjepraatsje fan Rutte&ko in OMT-lid op de radio te hearren dy’t fraachtekens set by de ferplichte sluting fan dy restauranten. Fansels ha de adviseurs harren eigen ferantwurdlikheid en it regear sines.

Dat dy deskundigen yn de praatprogramma’s sa nedich mei harren persoanlike miening te keap rinne moatte, helpt net mei om de ‘oarloch’ te winnen. It fielt sa no en dan as in skot yn ’e rêch fan de lju dy’t de kastanjes út it fjoer helje moatte. Ik soe sizze: “Bek hâlde en net oatus en toatus yn de praatprogramma’s.” It measte dat der oer de tafel giet is gjin ynformaasje, mar liket mear op in potsje lekskoaien. De opposysjepartijen soene der om my ek wol by rekkene wurde kinne. Fansels binne se der foar om it hiele proses kritysk te folgjen. Dêrfoar sitte se dêr. Se dogge my faak tinken oan dy bêste stjoerlju by it slúske: se witte krekt oan te jaan wêr’t it ferkeard gien is. Maklik praten is it as je achterom sjogge. De iene kear binne de maatregels te let, mar as se earder nommen wiene soene it deselden west hawwe dy’t dan rôpen dat it fierstente betiid kaam. Ek al binne de bewâldslju net direkt jins kar: men sil mar de besluten nimme moatte yn situaasjes dy’t har net earder sa foardien ha. Diskusje is bêst, mar wol mei-inoar de skouders der ûnder yn stee fan alle kanten útlûke. Gelokkich litte de sifers fan Gijs Rademaker sjen dat fierwei it grutste part fan de Nederlanners ynsjocht dat it no net oars kin, ek al docht dat efkes fan au.

oktober 15, 2020 09:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. X oktober 15, 11:05

    Sa is ‘t en net oars.

  2. Ferdi oktober 18, 22:56

    Einleas gemail indie

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.