Eastenryk, Wales, Ingelân en Noard-Ierlân op ‘e skoattel

oktober 31, 2020 19:49

Foto: GGD

Nei Wales smite no ek Ingelân en Noard-Ierlân hast alle doarren ticht. Winkels, skouboargen en sawat alle oare ynstellingen dêr’t publyk en klanten komme kinne, geane op ‘e skoattel. Allinne skoallen en supermerken bliuwe iepen. De maatregel jildt ynearsten oan 2 desimber ta.

Eastenryk hat ferlykbere maatregels oankundige. Yn dat lân jilde de maatregels oan 30 novimber ta.

It doel fan ‘e maatregels is om fersprieding fan it koroanafirus tsjin te gean. Rûnom yn Europa giet dat om en der binne op ‘t heden in ûnbidich soad minsken sa siik dat se yn it sikehûs bedarje. De sikehûzen hawwe dêrtroch gauris te min romte of te min personiel om alle pasjinten goed helpe te kinnen. Operaasjes wurde opskood om plak te meitsjen, wat ek nuodlik wêze kin.

oktober 31, 2020 19:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.