Dûtslân en Frankryk lûke de leie strak yn oanrin nei hjeldagen

oktober 29, 2020 09:56

Dútslân en Frankryk hawwe woansdeitejûn yngripende maatregels oankundige om de koroanaútbraak ûnder kontrôle te krijen. Yn beide lannen, kwa ynwennertal de grutste fan de Europeeske Uny, sille kafees en restaurants ticht bliuwe. Yn Frankryk jildt dat ek foar net-essjinsjele winkels.

Foto: pixabay.com

Bûnskânselier Merkel makke de oanskerping bekend nei in fideo-oerlis mei de minister-presidinten fan de sechtjin dielsteaten. Hja spruts fan in “nasjonale krêftynspanning” en in “weachbrekker”. Ien fan de doelen fan de Teil-Lockdown is om de oantallen sa omleech te krijen dat minsken mei de hjeldagen byinoar komme kinne.

Fan moandei ôf sille yn Dútslân kafees, restaurants, musea, bioskopen en teäters yn it hiele lân foar in moanne op slot. Sportaktiviteiten wurde beheind; tiimsport foar amateurs wurdt hielendal stillein. By profwedstriden is gjin publyk mear wolkom.

Sawol yn Dútslân as yn Frankryk wurde ynwenners yn prinsipe achte om inkeld noch op ’en paad te gean as dat needsaaklik is. Yn Dútslân meie bûtendoar noch op syn meast minsken fan twa húshâldingen byinoar komme, oant tsien persoanen. Skoallen en berne-opfang bliuwe wol iepen, en dat jildt ek foar Frankryk. Frânske universeiten moatte online ûnderwiis fersoargje.

Merkel wiisde derop dat it tal besmettingen de lêste tiid wer oprint. Yn Dútslân waarden woansdei hast fyftjintûzen nije koroanabesmettings registrearre. Yn Fryslân lei it tal nije koroanagefallen op goed 36.000. Presidint Macron fan Frankryk warskôge dat de twadde koroanaweach nei alle gedachten swierder wurdt as de earste. Om foar te kommen dat der by de sikehûsdoarren in seleksje dien wurde moat, moat yngrepen wurde, seit er.

oktober 29, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.