Dokumintêre ‘Indian Space dreams’ yn 2Doc en op InScience Nimwegen

oktober 13, 2020 10:03

Indian Space dreams is in Britske dokumintêre út 2019 dy’t de NTR útstjoert yn gearwurking mei InScience – International Science Film Festival Nimwegen. De dokumintêre giet oer romtewittenskippers yn Mumbai dy’t derfan dreame om de earste astronomyske satellyt fan Yndia te lansearjen.

Foto: NTR

Mei in fraksje fan it budzjet dat NASA ta syn beskikking hat, bout in tiim ambisjeuze romtewittenskippers yn Mumbai oan wat de earste astronomyske satellyt fan Yndia wurde moat. In Britske filmploech folge harren fiif jier lang, in perioade dêr’t sukses, tsjinslach en persoanlike beslommeringen inoar yn ôfwikselen.

Dreame yn ’e sloppewiken
Njonken it romtesintrum leit ien fan Mumbais grutste sloppewiken. Ien fan de besiele romtewittenskippers jout de bern dêr alle sneonen les, yn ’e hoop it hillich fjoer op de nije generaasje oer te bringen.

Foto: NTR

Karriêre yn ’e wittenskip
Vinita, ien fan de jonge froulju yn it tiim fan wittenskippers, stiet ûnder grutte druk fan har âlden. Dy wolle har it leafst fluch troud sjen. Mar se is fêst fan doel dêr net oan ta te jaan.

Te sjen op 13 novimber op InScience en de jûns om 23.10 oere op NPO 2 yn 2Doc.

De NTR op InScience – International Science Film Festival Nimwegen
Indian space dreams is ien fan de dokumintêren dy’t fertoand wurde op InScience (11-15 novimber), dêr’t de NTR mediapartner fan is. Njonken in protte oare wittenskipsdokumintêren stiet de koartlyn útstjoerde De Kennis van Nu-dokumintêre Expeditie lepra ek op it programma.

Mear ynformaasje oer InScience: www.insciencefestival.nl.

oktober 13, 2020 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.