Dirty Robot presintearret debút-EP yn Neushoorn

oktober 5, 2020 09:19

De Ljouwerter noiserockband Dirty Robot presintearret op tongersdei 8 oktober syn debút-EP Teleshopping yn Neushoorn te Ljouwert. In ambachtlike sjo fol mei ‘flitsende ljochten, geare lûdsjes en in potsje noise’.

Dirty Robot (boarne: Neushoorn)

Dirty Robot is in trijekoppige band dy’t bestiet út Sander Geurten (sang/gitaar), Evita Lepes (bas/noise) en Sian Sterkenburg (drums). Dreaun troch kantoaragresjes en sterke kofje, bringt de band de perfekte muzyk om elts buro trochmidden te slaan. Om ta in kontrolearre brij fan noiserock te kommen, kloatsje se geregeld mei de knoppen fan harren effektpedalen om. Underwilens docht de bassist net wat der fan har frege wurdt, komme de gitaarrifs jin temjitte en slacht de drummer mei grof geweld syn bekkens oan stikken. Mei de nije EP fangt de band dy gaos.

Iepener fan de jûn is de Ljouwerter band Boyakira. De doarren gean om 20.00 oere iepen en kaarten binne te krijen foar € 5,-.

Fierder yn Neushoorn:
CityProms presintearret Ekaterina Levental: Schoppenvrouw (tiisdei 6 oktober, 19.45 oere). Yn Schoppenvrouw fertelt mezzosopraan, harpiste en teäterperformer Ekaterina Levental it ferhaal fan har beppe Dora Gorohovskaya en fjouwer froulju fan deselde generaasje: Anne Frank, Marilyn Monroe, Maria Callas en Ulrike Meinhof.

FrieJam Jazzkafee & Jamsesje: Nathaniël van Veenen & Trio Valkenburg (tongersdei 8 oktober, 20.00 oere). Nathaniël van Veenen is gitarist, bassist, komponist, produsint en is sûnt 2001 aktyf as profesjoneel muzikant yn in protte bands.

PopQuiz Live! (freed 9 oktober, 20.00 oere). Popskiednis: dêr draait it fan ’e jûn om. Yn grappige, kryptyske of folslein ûnferwachte fragen wurdt de muzykkennis test. Diskear is der wer in liveband oanwêzich foar de nedige muzikale stipe.

CityProms presintearret Grenzeloze Muziek (sneon 10 oktober, 19.45 oere). Nije Nederlanners diele en jouwe útdrukking oan harren ferskate kulturele eftergrûnen, troch op in kreative wize harren tradisjonele muzyk te kombinearjen.

Sjoch foar mear ynformaasje en de folsleine aginda op neushoorn.nl.

oktober 5, 2020 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.