Dichtersjûn op 24 oktober wurdt livestreamd

oktober 15, 2020 09:35

De Utmolken Toer

De lêste jûn fan De Utmolken Toer, de toernee fan dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, op 24 oktober yn De Bres te Ljouwert, wurdt livestreamd.

Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper (foto: Ydwine Scarse)

Mei’t koroana it grutte publyk tsjinhâldt, hawwe de dichters besletten om harren dichtersjûn nei de minsken ta te bringen. De livestream wurdt fersoarge troch kreatyf reklameburo Hatogkrøller en is te folgjen op it YouTube-kanaal fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. Fierders op de Facebook-akkounts fan Ensafh en Dichterskollektyf RIXT.

Njonken de optredens fan Kuiper en Tigchelaar sille Ljouwerter dichters Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foardrage. Muzyk is der fan Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. De hiele jûn wurdt oaninoar praat troch skriuwer, redakteur en útjouwer Piter Boersma.

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 debutearre er mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn. Yn Ommers steane proazagedichten. Foarpublikaasjes dêrfan binne op it Instagram-akkount @om.mers kommen.

oktober 15, 2020 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.