Dichter Nyk de Vries op Transpoesie

oktober 1, 2020 07:16

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel. Fanwegen de koroanakrisis sil it festival folslein digitaal ferrinne.

Nyk de Vries (foto: Jacob van Essen)

Op 14 oktober sil De Vries fia in live-stream fertelle oer syn wurk en sille der earder opnommen gedichten fan him toand wurde mei oersettings yn it Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. Yn de Hongaarske ambassade sitte in groep taharkers dy’t fragen stelle kinne oan ’e dichters. De oare dichters binne Cornelia Hülmbauer (Eastenryk), Marina Kazakova (België), Kamila Janiak (Poalen), Iona Lee (Skotlân) en Maxime Garcia Diaz (Nederlân) te hearren wêze. Petearlieder is Sofie Verraest, in Belgysk dichteresse. It is om 20:00 oere live te folgjen op de Facebookside fan Transpoesie.

Transpoesie wurdt troch de EUNIC, European Union National Institutes for Culture, organisearre om sa it taalferskaat en it ferskaat oan poëzy yn Europa in ynternasjonaal poadium te jaan. Dit jier dogge der dichters út seisentweintich lannen mei dy’t harren wurk oerset (litten) hawwe yn it Frânsk, Ingelsk en Nederlânsk. Sûnt trije jier furdiget It Skriuwersboun in Fryske dichter ôf. Yn Brussel, dêr’t it barren ornaris plakhat, binne gedichten te lêzen yn de metro’s. De Vries hat syn fers ‘Annie en Arie’ ynstjoerd.

Nyk de Vries (1971) skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk en sawol proaza as poëzy. De proazagedichtebondel De dingen gebeuren omdat ze rijmen (2011) waard nominearre foar de J.C. Bloemprijs, de roman Renger (2015) krige de Piter Jellespriis en waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis. Sûnt ferline jier is Nyk de Vries Dichter fan Fryslân. As De Vries optreedt, wat er foar de koroanakrisis gauris die, docht er dat almeast mei muzyk derby.

oktober 1, 2020 07:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.