Dichtdiner lânskipsleafde yn de Westertsjerke

oktober 10, 2020 09:15

Nei in suksesfolle literêre jûn yn juny fan dit jier, organisearret Ljouwert City of Literature op freed 23 oktober opnij in yntym dichtdiner yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer.

Foto: Lucas Kemper

Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage wurk foar oan in lyts publyk, dat tusken 17.30 en 18.00 oere in dutsen taffeltsje sitten giet. De foardrachten wurde ôfwiksele mei fegetaryske gongen. Nei ôfrin is der romte foar in ynformele neisit oan it eigen taffeltsje.

Jantien de Boer (1965) is sjoernaliste en kolumniste by de Ljouwerter Krante. Yn 2015 makke se namme mei har boek Landschapspijn, oer it teloargean fan bioferskaat. In begryp dat spitigernôch noch altiten aktueel is. Edwin de Groot (1963) ferkent yn syn wurk en syn optredens graach de grinzen fan it Frysk en it Nederlânsk. Natuer en fergonklikens binne by him weromkearende tema’s, ûnder mear yn syn bondel Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see. Marije Roorda (1948) skriuwt ek sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Yn har gedichten en koarte ferhalen spegelet se har oan it lânskip en it wetter. Faak wurket se gear mei oare (byldzjend) keunstners. It wurk fan de ek twatalige Jan Kleefstra (1964) giet foaral om de ynfloed dy’t minsken op ierde en natuer hawwe. Mei de skilder Christiaan Kuitwaard publisearre er okkerdeis Veldwerk, mei akwarellen en teksten dy’t as tema it ferlies fan bioferskaat hawwe.

Yn ferbân mei de RIVM-maatregels is der mar beheind plak. Kaarten moatte yn it foar reservearre wurde fia de webside fan de Westertsjerke. Der steane ek noch dichtdiners pland op freed 13 novimber en 18 desimber. Ynkoarten wurdt dêr it programma fan bekend makke.

oktober 10, 2020 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.