‘Denk het onmogelijke’ oer keunstner Pieter Kooistra

oktober 14, 2020 08:56 Fernijd

De yn Ljouwert berne Pieter Kooistra wie net allinnich keunstner, mar ek wrâldferbetterder. Hy rjochte de Keunstútlien op en betocht it basisynkommen. Mei de Fryslân DOK ‘Denk het onmogelijke’ sketst dokumintêremakker Anne van Slageren in portret fan Pieter Kooistra. De ideeën dy’t hy ein foarige iuw ûntwikkele, binne ek no aktueel.

Pieter Kooistra (foto: Henry Mentink)

“Wees realistisch. Denk het onmogelijke.” It binne de wurden fan keunstner Pieter Kooistra (1922-1998). Hy woe de ûngelikense ferdieling fan de wolfeart yn de wrâld en de ferneatiging fan de planeet stilsette. “Hij was een visionair”, seit Annemieke Roobeek, heechlearaar oan de Nyenrode Business Universiteit. Nei it sjen fan hongerjende bern yn Yndia begriep Kooistra dat keunst, dy’t er omskriuwt as ‘it geastlike’, net sûnder ‘it materiële’ kin. Hy gie op reis en betocht in plan foar in wrâld-basisynkommen. Ekonoom Annemieke Roobeek foarseit no: “Een basisinkomen voor iedereen gaat ooit bij onze tijd en de wereld horen.” Sy sjocht dêrby sels in rol weilein foar de Europese Centrale Bank.

Selsportret Pieter Kooistra

Yn de Fryslân DOK ‘Denk het onmogelijke’ giet Brigitta Scheepsma, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Tytsjerksteradiel, op syk nei de minske Pieter Kooistra en syn ideeën. Yn it Veerhuis aan de Waal yn Varik, dêr’t Kooistra wurke, moetet se Henry Mentink, dy’t it gedachtegoed fan Kooistra libben hâlde wol. Se besiket Skylge, dêr’t Kooistra in alternative fakânsjekoloanje opsette. Syn eardere leafde Trees Niekus fertelt oer syn drive: “Hij was niet te stoppen.”

Fryslân DOK: ‘Denk het onmogelijke’, in portret fan Pieter Kooistra
Sneon 17 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 18 oktober 13.10 oere)
Snein 18 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

oktober 14, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.