DeFries yn Niklaastsjerke Koarnjum

oktober 7, 2020 08:57 Fernijd

By it Fryske kulturele projekt Helden fan Hjir trede bysûndere acts sneintemiddei 11 oktober op yn harren eigen stêd, doarp of omkriten, allinne of mei oare lokale muzyk- of amusemints-acts.

DeFries (foto: © DeFries)

Yn ferbân dêrmei hat Friesland Pop kontakt socht mei ynitiatyfnimmer Bob de Boer fan húskeamerteater De Wier yn Koarnjum om oan te heakjen en mei te dwaan oan dat bysûndere evenemint. It oarspronklike idee komt trouwens út Vlaanderen,  dêr’t sa’n ynisjatyf in oantal kearen mei sukses útfierd is. Op 11 oktober sil de groep “DeFries” syn opwachting meitsje yn de fraaie Niklaastsjerke fan Koarjum. De band bestiet út Daniël Bakker (drums), Henk Balt (toetsen), Frits Barth (basgitaar), Syb Hartog (sang, gitaar) en Hans van der Veen (gitaar).

© 2020 Bob de Boer Produkties

De Snitsers begûnen ea as folkgroep mei in repertoire fan traditionals, mar stadichoan evoluearre harren muzyk ta in miks fan pop, folk, rock en blues. De band spilet tsjintwurdich allinne selsskreaune Frysktalige nûmers. Yn 2015 kaam de EP InFries út en yn 2019 it album De Streken Fan: selsskreaune ferskes oer ferskate plakken en streken yn Fryslân.

De digitale skiif krige in prima resinsje yn it Frysk Deiblêd (Arjan Hut): ‘genietsje fan in muzikale slach troch de skiednis en romte fan ús provinsje’.

Sneintemiddei 11 oktober 2020
Oanfang programma: 15.00 oere
Doar iepen: 14.30 oere
Tagongspriis: € 15,- p.p., fergees kofje, tee en… lekkere nútsjes.

Allinne tagong nei reservearjen fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of op 06-54763154. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen yn ’t foar, oars wurde de yntreekosten dochs noch ferrekkene.

oktober 7, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.