De Waadkust (gedicht)

oktober 24, 2020 09:30 Fernijd

Foto: Folkje Koster

De Waadkust

Skiep op de seedyk
sjogge ús wjerkôgjend oan
as wy nei de dikke en tinne frou rinne
dy’t stoareagjend oer de see útsjogge.
Soene se wachtsje op heech wetter?

In ein fierder it Noarderleech.
Opfleanende guozzen ferbrekke de stilte
by ‘it timpeltsje’ fan Ids
dat as in ikoan boppe-op de dyk stiet.

In rige moderne wynmûnen,
wachtsje yndyks op in suchtsje wyn.
De stompe toer fan Ferwert
hâldt de wacht.

Folkje Koster

oktober 24, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.