Sybren Singelsma: De sjarme fan koroana

oktober 20, 2020 06:49

Skôging 

It koroanafirus slacht ûnferbidlik ta. Net allinne by minsken, mar ek by de politike systemen. It firus docht wêr’t it foar makke is, himsels fermannichfâldige troch minsken siik te meitsjen, net mear en net minder. Elegant en simpel. Dat hat wrâldwiid ta minimaal in miljoen deaden laat.

It firus rekket lykwols net allinne minsken, it rekket ek politike systemen en skept dêr in unike mooglikheid mei om te besjen hoe’t dy systemen reagearje op ien en deselde driging. Ekstra nijsgjirrich is dat de maatregels om dy sûnenskrisis te bestriden tige ienfâldich en al sûnt de midsiuwen bekend binne: ôfstân hâlde, isolaasje en hygiëne. Hoe simpel kin it wêze. Frjemd genôch docht bliken dat it útsûnderlik dreech is foar sels de meast sofistisearre politike systemen om dy maatregels ta te passen.

Men soe ferwachtsje, autoritêr bestjoerde lannen moatte dêr maklik op reagearje kinne. Mar sa ienfâldich leit it net. Yn it earstoan negearre de lieding fan Sina it probleem troch te ferklearjen dat it – yndied – net bestie. Dat wie bûten it firus om rekkene. Dat firus is gjin lid fan de Sineeske Kommunistyske Partij en besmette aloan mear Sinezen. Doe’t de lieding ynseach dat it firus de machtsbasis fan dyselde partij oantaaste kinne soe, waard de draai makke en bliek yndied dat sintraal laat krêftdiedich optreden it ferskil makke. In boppeslach foar de diktatuer.

Deselde ûntkennende hâlding waard yn de Angelsaksyske lannen oannommen. De Angelsaksyske politike kultuer giet der, wat koart troch de bocht, fan út dat as elkenien foar himsels soarget it mei de mienskip ok wol goed komme sil. Is it tafal dat sawol de man dy’t himsels as de reynkarnaasje fan Winston Churchill beskôget as ‘the stable genius’ yn it Wite Hûs persoanlik troch de koroana dellein waard? De koroanaprevinsje waard oan de minsken sels oerlitten, mar de iennige dy’t de folle ferantwurdlikheid naam wie it firus sels; it fersprate him rêstich fierder en de ein liket net yn sicht.

Wy kinne rêstich fêststelle dat it Angelsaksyske laissez-fairesysteem net geskikt is foar it stjoeren fan maatskiplike problemen dy’t in strakke sintrale oanpak fereaskje. En ja, de Twadde Wrâldoarloch hawwe se goed dien, mar der wie wol in Battle of Britain en Pearl Harbour foar nedich om de boel op te skodzjen.

In Nederlân bliek it firus ek in lestige kostgonger. Wie it gjin lid fan de Sineeske Kommunistyske Partij, it wie ek gjin lid fan watfoar tsjerke dan ek, it wie net links of rjochts, koartsein, it poldere net mei en it wie ek net rjochtfeardich. Nederlanners binne ommers fan dy aardige, coole minsken, dy’t it bêste mei de wrâld foar hawwe. Soks soe ús dochs net barre?

Spitigernôch, âldereintehuzen, studinteklups, sjongkoaren, se ferlearen allegear de slach. En wat blykt? Maatregels wurde net nommen omdat se effektyf tsjin it firus binne, mar op grûn fan de fraach oft der draachflak foar is! Tink ris ta dat as der earne brân útbrekt, de brânwacht mei de bewenners fan de neistlizzende perselen yn oerlis giet om te besjen oft der wol draachflak foar dwêsten is! Wat in geweldich lân!

Grutsk lizze de kranten út dat de Nederlanner mei syn frijheidssin net graach ynstruksjes opfolget, ‘mar it sels wol útmeitsje sil wat goed is’. Lokwinske, mar yn dit lân oerleit en polderet it firus ek net. De sjarme fan it firus is dat it dêr gjin boadskip oan hat. It ken gjin rjochtfeardigens, gjin sympaty foar dy gesellige Nederlanners. In systeemkorreksje soe dan ek terjochte wêze. As der neat te polderjen falt, moatte we dat ek net dwaan. Dan moat der krêftich polityk optreden wurde.

Hokker politikus doar?

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

oktober 20, 2020 06:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.