De net-beminde minske

oktober 11, 2020 06:46

Oertinking

Okkerdeis lies ik opnij it boek De frustratieneurose, dêr’t yn 1998 de sânde printinge fan útkaam. De earste printinge wie fan 1962, dat it mei mei rjocht in klassiker neamd wurde. Psychiater dr. Anna Terruwe silger lit ús sjen dat de minske troch in tekoart oan leafde yn syn wêzen frustrearre wurdt, wat ta in neuroaze útgroeie kin (*1).

Terruwe sinjalearret dat yn ús komsumpsjemaatskippij agresje, suïside en it brûken fan drugs tanommen is en se beskriuwt dat as uteringen fan fersteurde ferpersoanliking. Unfrede, eangst, minderweardichheidsgefoelens en ûnmacht om fan it libben te genietsjen sjocht se as symptomen dêrfan. Sy komt ta it ynsjoch dat wy libje yn in selsbefêstigjende neurotisearjende maatskippij, dy’t mar in bytsje bydraacht oan in harmonieus bestean (*2).

It ûnderfinen fan goedens fersterket it gefoel fan eigenwearde. Dat kin de minske skonken wurde en hy kin it ûntfange troch wat Terruwe ‘befêstiging’ neamt. Wa’t yn syn gefoelslibben net befêstige wurdt, kin de oar en de wrâld net iepen en leafdefol yn ’e mjitte gean, rekket frustrearre en siket dy befêstiging yn himsels.

De minske dy’t him net befêstige fielt ûntlient syn weardegefoel faak oan status en/of materieel gewin. Hy stribbet om sa te sizzen nei selsbefêstiging, mar wurdt der net gelokkiger op. Troch ûnbaatsuchtige leafde kin de minske dy’t fêstrûn is himsels in weardegefoel eigen meitsje, sadat der iepening ûntstiet foar de oar en it Oare.

Terruwe is fan betinken dat guon útwaaksen fan de hjoeddeistige konsumpsjekultuer ek in utering fan in folholden flecht yn selsbefêstiging fan de moderne minske binne. De selsbefêstigjende bangmakkerij fan de net-beminde minske hat makke dat der in maatskippij ûntstien is fan materiële wolfeart, mar wol ien dêr’t barmhertichheid hieltyd mear yn ’e knipe komt.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch

*1 Terruwe, dr. Anna (1911-2004) , De frustratieneurose, Anthos, 1998 7e pr.
*2 Terruwe, dr. Anna, De toename van agressie, suïcide en druggebruik binnen de consumptiemaatschap, De Tijdstroom, Lochum-Gent, 1986
oktober 11, 2020 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.