Charlie Hebdo: Ingelsktalige media draaie dieder en slachtoffer om

oktober 30, 2020 19:51

Omslach fan it betinkingsnûmer fan Charlie Hebdo mei de tekst ‘ien jier letter: de moardner is noch hieltyd flechtfuottich’

French police shoot and kill man after a fatal knife attack on the street (‘Frânske plysje sjit in man dea nei in fatale oanfal mei in mes op ‘e dyk’). Wa’t efkes siket, sil sjen dat in protte Ingelsktalige nijsmedia dy kop brûke boppe in berjocht oer de ûnthalzing fan ‘e Frânske skiednislearaar Samuel Paty. Foar it Frânske tydskrift Charlie Hebdo, dat yn 2015 slachtoffer waard fan in islamityske moardpartij, is dat ûngebryplik. Der wie sprake fan in moard troch in religieuze terrorist, skriuwt Inna Shevchenko op it webstee fan it tydskrift, en de kop liket fan de moardner in slachtoffer te meitsjen.

De kop waard foar it earst brûkt troch de Amerikaanske krante New York Times. Dêr kaam safolle krityk op dat de redaksje de kop op syn webstee wizige. Doe wie it: French police fatally shoot man who beheaded teacher in the street (‘Frânske plysje sjit man dea dy’t learaar op ‘e dyk ûnthalze’). Doe’t dêr op ‘e nij krityk op kaam, makke de redaksje derfan: Man beheads teacher on the street in France and is killed by police (‘Man ûnthalzet learaar op ‘e dyk yn Frankryk en wurdt deade troch plysje’).

Neffens frou Shevchenko hat de New York Times in obsessy mei politike korrektheid troch der alle kearen yn ‘e titel al op te wizen dat de plysje ien deasketten hat. Dy politike korrektheid komt ek nei foarren ta troch yn it berjocht oer de moard saakkundigen te sitearjen dy’t sizze dat spotprinten fan Mohammed gjin gaadlik lesmateriaal binne.

Yn it stik neamt frou Shevchenko noch in soad oare nijsmedia út de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk dy’t de learaar min ofte mear skuldich ferklearje oan syn dea en dy’t benammen de Frânske laïcité – de strakke skieding fan tsjerke en steat – besjogge as oarsaak fan de moard. It is neffens de sjoernaliste typearjend dat de Ingelsktalige media it net hawwe oer religieus terrorisme, mar wol o sa hammerje op de oanstjit dy’t moslims nimme oan karikatueren fan Mohammed. De Ingelsktalige media hawwe sels in eigen wurd dat de skuld by de slachtoffers lei: islamophobia (‘islamfoby’), dat krekt as bygelyks klaustrofoby (pleinfrees) nei in ûnridlike eangst liket te ferwizen. De Britske omrop BBC lit neffens frou Shevchenko sels saakkundigen oan it wurd dy’t sizze dat “hieltyd mear minsken” fan betinken binne dat de Frânske wetten dy’t de laïcité en de frijheid fan mieningsutering regelje, oanpast wurde moatte.

It stik fan Inna Shevchenko is hjir te lêzen.

 

oktober 30, 2020 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.