Bylden fan Blaauw yn Museum Belvédère

oktober 20, 2020 08:51 Fernijd

Troch de hjoeddeiske hoarekasluting hat it restaurant yn Museum Belvédère in oare funksje krige. Nei it romjen fan de tafels en stuollen wie de lege seal gaadlik as ekstra eksposysjeromte. Der is keazen foar in pop-up útstalling mei de kleurige skulptueren fan Gjalt Blaauw.

Bylden fan Gjalt Blaauw (foto: Museum Belvédère)

Wurk fan de 75-jierrige keunstner wie al earder yn it museum te sjen. Direkteur Han Steenbruggen: “De bylden fan Blaauw wurde skaaimerke troch heldere kleuren en in poëtyske foarmetaal. Wy kinne no inkelde stikken yn gearhing sjen litte.”

De keunstner wurket soms mei stien en faak mei stiel, dat yn fleurige kleuren skildere wurdt of readbrún rustke is. De boartlike foarmen lykje te wapperjen as in flagge of te flakkerjen as in flam, wylst oare wurken jin tinke dogge oan in wolk of in reekplom.

In protte skulptueren besteane út twa of mear losse eleminten yn in skynber wiffe komposysje. It liket út it lead, mar is dochs yn balâns. De útstalling is te sjen salang’t de romte foar dizze ynfolling beskikber is. De hoareka fan it museum is feroare yn in ôfhelloket. Sa is museumbesite noch hieltyd te kombinearjen mei in kop kofje of in broadsje, salang’t it mar earne oars nuttige wurdt. De nije eksposysje wie sneon in ûnderwerp by Omrop Fryslân.

Besjoch hjir it fragmint.

It museum bliuwt tagonklik foar besite, mar foarôf moat in kaartsje reservearre wurde fia de webside. Fansels folget it museum de rjochtlinen fan it RIVM. It dragen fan in mûlekapke is ferplichte.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumbelvedere.nl.

oktober 20, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.