Brouwer: “Nije koroanaregels ek wer ûnwettich”

oktober 16, 2020 20:11

De  nije  ferboaden en ferplichtings fan de Nederlânske feilichheidsregio’s binne yn striid mei de grûnwet en dêrtroch ûnjildich. Dat seit jurist Jan Brouwer, perfester oan ‘e Ryksuniversiteit yn Grins. Brouwer hat der yn it ferline al ferskate kearen op wiisd dat guon eardere koroanamaatregels botsten mei de grûnwet en dêrtroch ûnjildich binne. Hy pleitet al in skoft foar in goede wetlike basis foar de maatregels.

It ferbod op it útoefenjen fan profsporten dat tiisdei útfeardige is, is yn de besteande foarm ûntwetlik, seit Brouwer. Dat komt troch de útsûndering dy’t yn de regels makke is foar it betelle fuotbal. Dy útsûnderingsposysje late ta protest by ûnder oaren profesjonele hockeyers, hânballers en basketballers.

Neffens Brouwer hawwe de protestearjende sporters gelyk. Hy seit yn it Dagblad van het Noorden: “Artikel 1 van de grondwet stelt dat personen in gelijke gevallen gelijk behandeld moeten worden. De vraag is dus: kun je een onderscheid maken tussen professioneel voetbal en professioneel hockey? Dat denk ik niet.”

Brouwer wiist derop dat hockey lykas fuotbal in sport is dy’t miljoenen sjoggers lûkt en dat der dus op basis fan sjochsifers gjin ridlike útsûnderingsposysje foar fuotbal bestiet.

Dat fuotballers hege salarissen fertsjinje en dat it stillizzen fan wedstriden foar fuotbalklups te djoer wêze soe, mei neffens Brouwer ek gjin argumint wêze. Hy seit: “Je kan niet zeggen: voetballers verdienen veel, dus het moet doorgaan. Dat voetbalclubs anders kapot gaan? Dat geldt ook voor de rest van de topsportclubs. Ook daar moeten salarissen doorbetaald worden en staan er grote sponsorcontracten op het spel. De hockeyers, volleyballers en basketbalclubs hoeven dit niet voor zoete koek te slikken.”

oktober 16, 2020 20:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.