Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 43

oktober 1, 2020 07:00

Fossylfrij wykein 9-11 oktober

 

Kollum

Yn juny 2018 wie Fryslân efkes twa wike yn ’e besnijing fan de Alvewegetocht: twa wike reizgje sûnder fossile brânstoffen.

Klachten
Dat dêr mar leafst sa’n 100.000 Friezen oan meidien hawwe, hawwe we witten! Withoefolle klachten krigen we fan tankstasjons dêr’t de omset yn dy fjirtjin dagen soms mei mear as de helte fan tebekrûn. Wy binne wiis mei dat soarte fan klachten! It roer moat om. Wat gauwer wat better! Ynienen wie blauwe disel net oan te slepen. Tamoil en Future Fuels út Aldehaske sloegen de hannen gear en samar koe op fyftjin plakken skjinne disel tankt wurde. No binne dat der ûnderwilens 45 yn it hiele lân. It kin hurd gean as de massa oereinkomt.

Skjin- en net-ride wint hurd oan
De koroanakrisis docht ek in oanslach op ús reiskilometers. It wen-wurkferkear is sûnt maart yngripend fermindere. Dat skeelt de wurkjouwers in protte reiskostefergoeding en de tankstasjons lije troch de legere omsetten. Aldergelokst makket finansjele pine ek kreatyf, it tal oplaadstasjons foar elektryske auto’s wint hurd oan, krekt as de tankstasjons foar skjinne disel (Neste My renewable diesel) en dy foar griengas. Op ’e dyk sjocht men de iene nei de oare folslein elektryske auto lânskommen. Der is in stille revolúsje begûn. Oanfitere troch Tesla hawwe no alle merken elektryske farianten dêr’t al in protte fan ferkocht wurde. Gjin wûnder dat de provinsje Fryslân wurk makket fan nije oplaadplakken.

Ien miljoen skjinne kilometers
Fossylfrij reizgjen wurdt dus hieltyd makliker en ek noch oantrekliker! De elektryske fyts draacht flink by en we hawwe alle dagen wat mear tiid om te bewegen. Dêr wurdt dan ek massaal gebrûk fan makke. Dêrom organisearje we fan 9 oant en mei 11 oktober it Fossylfrije Wykein yn Noard-Nederlân. Fryslân mei Grinslân en Drinte. Doel is om mei-inoar ien miljoen fossylfrije kilometers te meitsjen. Studinten út Fryslân hawwe in app ûntwikkele dy’t dat registrearret en optelt. Elkenien kin meidwaan. Ein septimber wurdt de app MoveFit lansearre op www.Fossylfrijweekend.nl. Reizgje jo mei in fossylfrije auto, mei de bus of trein yn Fryslân? De app sjocht dat, krekt as rinnen, fytsen en suppen, mar de útsparre kilometers troch thúswurkjen wurde registrearre. Wy meitsje fytsrûten by duorsumen inisjativen lâns, Arriva rydt elektrysk fergees in duorsume rûte, wy sette sinneparken, pluktunen, biogasynstallaasjes, duorsume tankstasjons, duorsume garaazjes ekstra op it stuoltsje troch se yn dat wykein iepen te stellen. Kom om dy nije wrâld te besjen!

Freed is de studintedei en thúswurkdei, sneon de iepenlokaasjedei en snein is de famyljebeweechdei. Dogge jo en dochsto mei? Hâld dan it nijs yn ’e gaten! Mei-inoar helje we dy miljoen, mar men moat der wol wat foar dwaan! Meitsje dy skjinne, sûne kilometers. Ynformaasje? Mail nei info@Fossylfrijweekend.nl

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.Skjinnerlân

 

oktober 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.