Bouke en Annemarije, al hiel jong in pear (ferhaal)

oktober 17, 2020 08:08

Doe’t Bouke Wiersma tsien jier wie, ferhuze er nei Feanwâlden. Dêr fielde er dat er ûnwennich fan Eanjum wie. Op de nije skoalle hiene se hiel oare boeken en hy moast ek oan de oare bern wenne. Se praten oars as hy. Guon laken him dêrom wolris út. Der wie ien treast foar him. Foar him siet Annemarije Beerda. Se hie hiel ljochte eagen en foar him like it oft har lange ljochte hier oer har rêch dûnse.

Se hie in kear in sprekbeurt. Se fertelde oer de menisten. Doe’t se klear wie, sei master dat de menisten yn ’t ferline tige ferfolge wiene. Bouke betocht dat hy Annemarije beskermje moast. Hoe, dat wist er net. Syn heit liet him it meniste tsjerkje sjen. Hy sei dat de menisten dat de fermanje neamden. Bouke fielde dat oan as in soarte fan mystearje.

It waard maitiid. Op in woansdeitemiddei kaam Bouke yn it doarp Annemarije tsjin. Se stapte fan de fyts ôf. Se begûn in praatsje. Se siet earne mei. Faaks koe Bouke har helpe. Se hold fan hurdrinnen, mar se koe gjinien fine dy’t mei har rinne woe. Se seach Bouke ris oan. Bouke wist eins net wat er sizze moast. Hy hie soks wolris op de telefyzje sjoen, mar hy hie it sels noait dien. Hy sei dan ek dat se de oare deis mear fan him hearre soe.

Jûns op bêd koe er net sliepe. Hy seach it foar him. Annemarije en hy rûnen neistinoar troch it fjild. Annemarije krige muoite om foarút te kommen. Hy pakte har by de hân en luts har sa fierder nei de ein. Annemarije seach him hiel tankber oan. Sa foel er yn ’e sliep.

De oare moarns sei er tsjin Annemarije dat er it besykje woe. De sneontemiddeis fytste er nei Feanwâldsterwâl dêr’t Annemarije wenne. Har mem makke de rêchtas klear. Se rûnen neistinoar nei de Foskegatten. Annemarije murk dat Bouke it tempo hast net byhâlde koe. Se rûn dêrom wat stadiger. Doe stelde Annemarije foar om efkes tsjin in stek sitten te gean. Se dronken en ieten wat. Bouke syn sykheljen waard rêstiger. Annemarije besleat dat se mar kuierjend nei hûs ta gean moasten. Se moast yn ’e rekken hâlde dat dit Bouke syn earste kear wie. De moandeis sei Bouke dat er it oankommende woansdei wer besykje woe.

Sa kaam it dat se elke frije middei tegearre rûnen. Op in middei besleaten se om oare rûte te nimmen. Annemarije liet Bouke foarop rinne. Nei in goed healoere sei Bouke dat se mar efkes rêste moasten. Se giene sitten en se ieten en dronken wat. Annemarije skrok wol efkes. Bouke lei in earm om har skouders hinne. Se fielde syn waarme hûd troch har T-shirtsje hinne. Se lei har holle tsjin syn skouder. Sa bleauwen se in skoft sitten. Annemarije fielde dat der by har eat feroare. It fielde waarm mar ek in bytsje prykjend. Se wist eins net hoe’t se dermei oan moast. Bouke samar ôfwize koe net. Se late Bouke efkes ôf. Se giene wer gewoan neistinoar sitten.

De jûns fertelde Annemarije oan har mem wat se, neffens har, meimakke hie. Dy moast derom laitsje. ‘Witst, Annemarije, do hast foar de earste kear it gefoel oer dy krige fan ast hiel nei mei in man omgiest.’
‘Mar ik bin noch mar alve jier, mem’.
‘Do bist der dan ier by. By elk frommes is dat oars. Ik wit net oft Bouke ek al sokke gefoelens hat. It kin ek wêze dat er dy op in bernige wize oanhelle hat. Om dy fernimme te litten hoe wiis oft er mei dy is.’

Hoe’t harren gefoelens foarinoar wiene, doarsten se eins net te uterjen. Sa no en dan hellen se inoar hiel hoeden oan. Somtiden murken se oaninoar dat se net doarsten om fierder te gean. Bouke en Annemarije giene dan meastentiids neistinoar yn it gers lizzen. Soms socht Bouke hiel hoeden nei Annemarije har hân. Se glimke dan fakentiids nei him.

De hiele simmer gongen se mei-inoar om. Se fytsten in protte. Sa no en dan giene se fuort te swimmen en sa rekken se hieltiden mear opinoar ynspile. Se dielden de geheimen faninoar. It waard wenst dat Bouke ôfskie naam troch Annemarije te tútsjen en te striken. Har mem krige der wille om. Dochs soms like it har better om har wer wat ta de oarder te roppen. Se waarden wolris wat te yntym.

De tiid gong fierder. Bouke hie de fyftsjinde jierdei fan Annemarije meifierd. Hy wie sa ek yn ’e kunde kommen mei Tsjerk, Annemarije har broer. Annemarije hie Bouke al útlein, hoe’t it mei Tsjerk siet. Hy libbe gear mei Anton, in learaar. Yn it doarp waard sein dat Tsjerk fan de ferkearde kant wie. Har oare broer, Gjalt, koe er al. Se gongen wolris nei Wytske, Gjalt syn frou, ta. Se koe sa lekker pankoekbakke. Annemarije koe hast net fan Janke, de poppe fan Wytske en Gjalt ôfbliuwe. Sa no en dan dreamde se dat se sels ek in poppe hie. It wie altiten in jonkje en it wie krekt oft it Bouke wie doe’t er noch lyts wie.

It wie dy dei poer min waar. Der waard warskôge dat je thús bliuwe moasten. De nachts soe it swier izelje kinne. Annemarije belle Bouke. Oft er komme koe. Se hie in moai boek fan Tsjerk oer Brazilië krige. Syn mem rette it Bouke ôf. Mar it wie noch drûch en Bouke fytste nei De Wâl. In skoftsje letter kaam Annemarije har heit yn de keamer.

‘Sjoch jimme ris nei bûten. It hiem is in iisbaan wurden.’ Bouke en Annemarije hiene der eins gjin each foar. Se hiene allinnich omtinken foarinoar. Ynienen naam Annemarije Bouke by de hân. Hy seach har ferheard oan. Se flústere him yn it ear: ‘Ik wol dy wat sjen litte. Dat kin oars net as op myn keammerke.’ Se sette him op it bêd del. ‘Watfoar moais hast yn de oanbieding, Annemarije?’

Se late syn hân by har truike yn. Se frege oft er wat fielde. Bouke sei dat er net wist wêr’t er om sykje moast. Se luts it truike út en late syn hân nei har boarstjes. Bouke struts deroer. Wat er dermei oan moast wist er noch net. Se gongen deun tsjininoar oanlizzen.

Se waarden steurd troch Annemarije har mem. Dy hie mei Bouke syn mem belle. Se hiene ôfpraat dat Bouke dy nachts by harren sliepe soe. Se makke it útfanhuzerskeammerke mar ree. Annemarije en Bouke seagen inoar ris oan. It útfanhuzerskeammerke lei foar Annemarije har sliepkeamer oer. Bouke tocht ynearsten dat er net by Annemarije sliepe koe. Soks hearde sa net. Annemarije liet fernimme dat se dêr oars oer tocht. Bouke sei tsjin himsels dat er it mar berinne litte moast sa’t it gie. Annemarije en hy hiene de lêste tiid alris faker oer seks praat. Se namen op de gong ôfskie. Annemarije sei: ‘As it aanst rêstich is, ferwachtsje ik dy. We sjogge dan wol wat we tegearre mânsk binne.’

Doe’t Bouke de moarns wekker waard, socht er nei Annemarije. Se hiene tegearre foar de earste kear mienskip mei-inoar hân. Midden yn de nacht hie Annemarije him fuortstjoerd. ‘Dit moat tusken dy en my bliuwe’, hie se sein. Hy besocht om it him allegear yn ’t sin te bringen. It hie in ûnderfining west. Hy beseach Annemarije no oars as earst. De middeis gie Bouke wer nei hûs. Annemarije rûn in eintsje mei him op.

‘Fannacht hawwe wy ús djipste gearwêzen, sa’t it yn de boeken stiet, meimakke. We moatte dat faker dwaan. Ik haw fannacht field dat ús bân sterker wurden is.’
‘Ik kin dy gjin ûngelyk jaan. Mar wat sille ús âlden der wol fan sizze? As we âlder wêze soene, lei it, sa’t ik it besjoch, oars.’
‘Wy moatte der mar ris oer neitinke. Do hast fannacht myn langst nei dy sterker makke.’

Op in middei yn de maitiid in jier letter giene se tegearre fuort te fytsen. By Broeksterwâld stie Annemarije derop oan dat se de wei nei De Trieme nimme soene. Bouke hie dêr noch noait west. Hy wie nijsgjirrich wat Annemarije yn har skyld fierde. De wei is iensum. Doe’t se goed en wol op de romte wiene, sei Annemarije dat se de fytsen wol oan ’e kant lizze koene.

‘Wat bisto fan doel?’
‘Ik wol datst my nimst en dat ik dy yn myn lichem fiel.’
‘Bist wol oan de pil sa’tst my fersein hast?’
‘Betroust my net?’
‘It kin gefolgen hawwe.’
‘Do hast it ek yn de krante lêze kinnen, dat der in famke fan fyftjin jier mem wurden is.’
‘Ik bin no fyftjin jier en ik bin fan doel dat ik oankommende jier ek myn eigen poppe hawwe sil.’

De jûns doe’t Annemarije thús kaam, seach har mem dat der wat bard wie. Se hie har betinken deroer. Annemarije en Bouke, dêr wie se wis fan, hiene mienskip mei-inoar. Se koe it ek wol in bytsje yntinke. Se wiene al in hiel skoft opinoar fereale. Se wist dat Annemarije de leafde hielendal ûnderfine woe. Se palme Bouke hiel maklik yn. Dy die alles om it Annemarije nei it sin te meitsjen.

Op in jûn doe’t Bouke nei Annemarije ta gien wie, om har mei har húswurk te helpen, siet Annemarije yn har bikiny op har bêd. Bouke wist eins net hoe’t er dêr mei omgean soe. Annemarije sei dat Bouke neist har sitten gean moast. Se fierde syn hân oer har bleate búk.
‘Fielst it al? Yn myn búk sit ús poppe.’

Bouke wist net hoe’t soks wol barre koe. Annemarije wie oan de pil en dan waarden je net swier. Sa hie er dat op de biologyles leard. Hy seach har djip oan.
‘Wat hasto no wol net úthelle?’
‘Ik haw sleau west mei dy pil. Ik koe der eins net oer. Mar om nei de dokter te gean, dêr skamme ik my foar.’
‘No moatst der wol hinne.’
‘It leit no oars. Mem wist ynearsten net wat se derfan sizze moast. We sille tegearre op ús poppe wachtsje moatte.’
‘It sil wol net oars kinne. Ik bliuw derby dat we hoedener wêze moatten hiene.’

Ein april waard Meinte berne. Syn âlden wiene tige wiis mei him. Annemarije moast wol tajaan dat, as har mem der net west hie, se faak yn panyk rekke wie.

It wie fjouwerentweintich jier letter. Annemarije waard fjirtich jier. De jûns doe’t de besite fuort wie, sieten Bouke en Annemarije noch efkes te bekommen.

‘It is goed beteard, Bouke. Ik haw der wolris oer tocht dat wy ús te betiid bûn hawwe. Ik haw ek sjoen dat guon dy’t sa jong troud binne, útinoar gien binne. We hiene , foaral yn it begjin, te folle hea op de foarke.’
‘Dat hast moai sein, Annemarije, witst, ik bin bliid dat ik it meimakke haw.’

Abe Westra

oktober 17, 2020 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.