Bou sirkulêre betsjinsintrale giet oan

oktober 15, 2020 10:09

Ofrûne tiisdei is in begjin makke mei de nijbou fan it Swettehûs yn Ljouwert. Dat barde troch it yn de grûn triljen fan brûkte daamwanden. Sirkulêr materiaal, want dy stielen platen sieten foarhinne yn it Van Harinxmakanaal en binne frijkommen by it projekt werynrjochting Marsum-Deinum.

It doel is om fan it Swettehûs it sirkulêrste gebou fan Fryslân te meitsjen, wa wit wol fan hiel Nederlân. Sil dat slagje, dan moat op syn minst 40% brûkt materiaal brûkt wurde. Der sille mearpeallen, gevelpanielen en binnendoarren opnij brûkt wurde. It gebou sil ferwaarme wurde mei ierdwaarmte en frijkommende waarmte út de servers fan de betsjinsintrale. “Het Swettehûs wordt vanuit het oogpunt van duurzaamheid echt heel bijzonder. Een paradepaardje”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

foto Provinsje Fryslân

Bougroep Dijkstra Draisma set It Swettehûs oan de westkant fan Ljouwert. Neist in wurkplak foar likernôch tweintich brêgewippers, sil it nije gebou en it hiem meikoarten tsjinst dwaan as basis foar provinsjale meiwurkers fan (far)wegen, nautyske saken en de technyske tsjinst foar it ûnderhâld fan brêgen en slûzen. It gebou sil yn 2022 yn gebrûk nommen wurde.

oktober 15, 2020 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.