Boskplaat hâldt bysûndere Europeeske status

oktober 12, 2020 23:19

De Boskplaat op Skylge bliuwt de kommende tsien jier offisjeel Europeesk natoerreservaat. En ek al smyt dat gjin pûde mei jild op, it is wol wichtich foar it eilân, sa seit boskwachter Joeri Lamers fan Steatsboskbehear: “De mensen op Terschelling zijn heel trots op het gebied en dat draagt weer bij aan de bescherming ervan.”

Boskplaat (foto: Wikipedia/Ronald – CC BY-SA 3.0)

In natoergebiet krijt de Europeeske status allinnich as der hiele bysûndere natoer te finen is. En der wurde oanbefellings dien foar it behâlden en ferbetterjen fan dy natuer. As je dêr neat of te min mei dogge, kinne je de status ek wer ferlieze. Dat wurdt ek kontrolearre.

Steatsboskbehear hat ferskate advizen krige. Sa moat in advys út 2018 om de bysûnder natoer te behâlden opfolge wurde. Der moat ek op tasjoen wurde dat it weidzjen fan fee net sa yntinsyf is dat it ferlies fan natoerkwaliteiten opsmyt. Fierder moat Steatsboskbehear minsken better oer it natoergebiet ynformearje en moat de organisaasje derfoar soargje dat nije eksoatyske soarten har op ‘e Boskplaat fêstigje.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 12, 2020 23:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.