Boeren en túnkers diele apels út by fersoargingshuzen yn Fryslân

oktober 12, 2020 08:56

Boeren en túnkers diele op tiisdei 13 oktober yn de wike dat it genietsjen fan iten en it produsearjen en fernijen dêrfan sintraal yn steane, goed 40.000 apels út by fersoargingshuzen, sikehuzen, skoallen en fiedselbanken yn harren eigen regio. LTO Noard, de belangeferiening fan boeren en túnkers en inisjatyfnimmer fan de útdielaksje, wol Nederlanners de wearde fan ús boeren en túnkers sjen en priuwe litte. Want just no is sûn en betelber iten wichtich foar ús allegear.

Foto: LTO Noard

Yn Fryslân wurde by fersoargingshuzen yn Wolvegea en Noardwâlde apels útdield. Trienke Elshof, regiofoarsitter LTO Noard: “Wy ferbine sa op in positive wize de agraryske sektor mei boargers en konsuminten en wy kinne tagelyk sjen litte en fertelle wat de agraryske sektor foar de lokale mienskip betsjut. Just âlderen, siken en beheinden hawwe it dreech yn dizze tiid en dêrom woene wy wat posityfs foar harren dwaan.”

Foto: pixabay.com

Lekker en sûn foar ús allegear
“Alle dagen soargje boeren en túnkers foar sûn en betelber iten. En dat net allinnich. Hja ynvestearje hieltyd yn manieren om noch duorsumer te produsearjen, hja steane noed foar it bioferskaat en winne sels enerzjy. Dat dogge se foar ús allegear. Dei yn, dei út sette se har derfoar yn om te soargjen dat wy net allinnich no, mar ek yn ’e takomst iten en drinken op tafel stean hawwe. Dat wy genietsje kinne fan blommen en planten yn ’e hûs en fan in griene leefomjouwing. En dat wy ús tosken yn sa’n lekkere apel fan eigen boaiem sette kinne.”

Ferbinend
LTO Noard siket faker de mienskip op en dizze aksje is dêr in foarbyld fan. “Boeren en túnkers dogge wichtich wurk foar ús allegear. Wy wenje yn ien fan de fruchtberste delten fan de wrâld en hawwe dus in ferantwurdlikheid om mûlen te fieden. Tichtby en fierder fuort. Dat is in ferhaal datst trochgeand útlizze moatst”, seit Dirk Bruins, foarsitter fan LTO Noard. “De Nederlânske lân- en túnbou produsearret griene, sûne produkten neffens de heechste standert.”

Lanlike fiedselwike
De útdielaksje bart yn de wike fan 10 oant 17 oktober. Dan stiet it genietsjen fan iten, de itensproduksje en de ynnovaasje sintraal. Dit jier is it tema ‘ferbine’. De aksjewike stimulearret it mei-inoar dielen fan kennis op ferskate mêden en lit nije ûntwikkelingen sjen dy’t mei ús iten te krijen hawwe om sa de kwaliteit en ynnovaasjes fan de Nederlânske fiedselkeat nasjonaal en ynternasjonaal yn omtinken te bringen.

oktober 12, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.