Boargers yn Waadhoeke kinne sels luchtkwaliteit mjitte

oktober 5, 2020 09:34

Nijsgjirrige en behelle Noarderlingen ynformearje, ynspirearje en aktivearje om sels oan ’e slach te gean mei wittenskip en technyk om sa faaks ynfloed út te oefenjen op it ferbetterjen fan harren eigen leefomjouwing. Mei dat doel binne ferskate partijen by de Ryksuniversiteit Grins en Forum Grins úteinset mei de mjitaksje Onze lucht: sels de luchtkwaliteit mjitte.

Boarne: Gemeente Waadhoeke

Ynwenners fan de gemeente Waadhoeke kinne ek meidwaan. Tanksij in subsydzje fan de gemeente binne de kosten mar 25 euro foar in dielnimmer. Foar dat bedrach krije se in fernimstich mjitynstrumint dat se sels yninoar sette moatte en dêr’t se sels de luchtkwaliteit mei mjitte kinne. De hjoeddeiske stân fan oanmeldingen is tweintich. Mei it each op it takende subsydzjebedrach is der noch romte foar 26 mjitplakken, by foarkar by de kust lâns en yn it noardwesten fan de gemeente Waadhoeke. Bygeand kaartsje lit de stân fan 4 oktober sjen.

Oanmelde kin fia onzelucht.nl. Dêr binne de (technyske) betingsten foar it dielnimmen ek te finen. Mei’t it tal dielnimmers yn de gemeente beheind is, wurdt ek in motivaasje frege. Yn de twadde helte fan oktober wurdt de dielname befêstige.

It yninoar setten fan it mjitynstrumint hoecht net allinnich dien te wurden. Der is in wurkatelier plend dêr’t alle dielnimmers út de gemeente byinoar komme en dat dan mei-inoar dogge. Dat wurkatelier wurdt begelaat troch meiwurkers fan de RUG.

CurioUs? en de earste Mjit-o-teek fan Nederlân
Onze lucht is de earste grutte mjitaksje fan CurioUs?, in nij inisjatyf fan Ryksuniversiteit Grins en Forum Grins. Njonken mjitaksjes foar ’boargerwittenskippers’, organisearret CurioUs? ûnder mear lêzingen, wurkateliers en ynringearkomsten dêr’t besikers sûnder drompel sjen en eksperimintearje kinne. De kearn fan CurioUs? is de earste Mjit-o-teek fan Nederlân, dy’t op 14 novimber 2020 iepene wurdt yn it Smartlab yn Forum Grins. Yn de Mjit-o-teek kin elkenien mei in (fergeze) Forumpas mjitapparatuer liene en ynformaasje krije oer it sammeljen fan ynformaasje yn en om syn eigen hûs. Mei syn aktiviteiten wol CurioUs? nijsgjirrige noarderlingen entûsjast meitsje om sels oan ’e slach te gean mei wittenskip en technyk en sa harren eigen leefomjouwing yn kaart te bringen en faaks te ferbetterjen.

oktober 5, 2020 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.