‘Bioskoopbesite driget út te stjerren’

oktober 8, 2020 09:07

Troch de twadde koroanaweach binne hieltyd mear films opnij útsteld. De premjêre fan Wonder Woman is al trije kear opskood en de regisseur fan de film, Patty Jenkins, is bang dat der bliuwende gefolgen binne foar bioskoopfilms.

Foto: pixabay.com

Hja is bang dat studio’s yn Hollywood net mear ynvestearje yn bioskoopfilms en har hielendal rjochtsje sille op films en searjes foar streamingtsjinsten. “As we dermei ophâlde, dan kinne we dat net weromdraaie”, seit se yn in fraachpetear mei parseburo Reuters. “Wy kinne bioskoopbesite foar altyd ferlieze.”

Utsein Wonder Woman binne ek de premjêres útsteld fan ûnder oare de nije Bond-film No Time To Die, de remake fan Dune en The Batman. Moandei kundige de bioskoopkeat Cineworld Group de sluting fan goed 650 bioskopen yn de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk oan.

oktober 8, 2020 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.