Betinking fermoarde skiednislearaar fersteurd troch skûterjeugd

oktober 19, 2020 11:39

Provosearjende jongelju fersteure de betinking fan Samuel Paty yn Lyon. Foto: Twitter

Yn Lyon waard in betinking foar de fermoarde skiednislearaar Samuel Paty snein rûch fersteurd. Yn it bywêzen fan ‘e plysje kaam in groep jongelju op motors en skûters byinoar en draaide minutenlang rûntsjes op ‘e dyk. Hja toeteren en makken wheelies en provosearren de omstanners.

Paty waard ferline wike op ‘e iepenbiere dyk ûnthalze troch in Tsjetsjeen, nei alle gedachten in moslim dy’t it net iens wie mei it gebrûk fan spotprinten fan Mohammed yn in les dy’t Paty joech oer de frijheid fan mieningsutering. Rûnom yn Frankryk holden minsken in minút stilte om Paty te betinken.

Frânske media berjochtsje dat de aksje fan ‘e jongelju bedoeld wie as betinking fan Idir Mederess, in misdiediger dy’t him koartlyn yn in finzenis yn Lyon ferhongen hat, om’t er it ûniens wie mei it strange rezjym dêr.

oktober 19, 2020 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.