Bernewurkateliers 17e-iuwsk portret yn it Prinsessehôf

oktober 11, 2020 08:51 Fernijd

Yn ’e hjerstfakânsje binne der yn it Prinsessehôf alle dagen aardige, fergeze wurkateliers foar bern. Hja meitsje in 17e-iuwsk kostúm fan gerdinen, karton of sammele materialen. Under lieding fan profesjonele keunstners wurdt in prachtich oansjoch kreëarre en in Rembrandt-eftige portretfoto makke.

Foto: Ruben van Vliet

Foto: Ruben van Vliet

Mei keunstners en teaterfoarmjouwers Vida en Amir meitsje de bern fan âlde gerdinen, karton en oare materialen in eigen 17e-iuwsk kostúm. Harold Koopmans, dosint fotografy en byldgrammatika oan de Akademy Minerva, makket fan de bern yn kostúm in portretfoto. De profesjonele Rembrandt-eftige portretfoto’s wurde fia de mail opstjoerd.

Fan tiisdei 13 oant en mei freed 16 oktober tusken 13.00 en 15.00 oere kinne bern it museumatelier frij ynrinne. De aktiviteit it fergees, op fertoan fan in folwoeksene mei yntreebewiis. De nije útstalling Human After All is ek te besjen. De spektakulêre ynstallaasjes en yntrigearjende animaasjes meitsje dat de besikers, jong en âld, har de eagen út sjogge.

oktober 11, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.