Basis foar nij kurrikulum foar it fak Frysk klear

oktober 21, 2020 09:16

It kurrikulum foar it fak Fryske taal en kultuer wurdt fernijd. In wichtich part dêrfan is de oanpassing fan de saneamde kearndoelen. Dy jouwe rjochtlinen oan foar it ûnderwiisoanbod yn it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De basis foar it nije kurrikulum is no klear en bestiet út in fyzje op it mêd fan learen, de kearn (yn de foarm fan saneamde grutte opdrachten) en de boustiennen. Cedin Onderwijs hat dy produkten yn opdracht fan de provinsje Fryslân yn ‘e mande mei it ûnderwiisfjild opsteld. De produkten foarmje de basis foar de nije kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

De produkten binne tiisdei oan Provinsjale Steaten oanbean en publisearre op de webside www.kurrikulum.frl. De provinsje stjoert de skoallen in brief en in ynspirearjende poster om harren te ynformearjen oer de foarderings fan it nije kurrikulum.

Tsien leargebieten
Net allinne it kurrikulum Frysk wurdt fernijd, ek foar de oare njoggen leargebieten wurdt it kurrikulum op ‘en nij besjoen en oanpast. Dat bart yn opdracht fan it Ryk. De kurrikulumoanpassing is needsaaklik, om’t de fêstleine ûnderwiisynhâld net mear aktueel is. In goed kurrikulum soarget foar in goede trochstreaming fan de basisskoalle nei it ferfolchûnderwiis en gearhing tusken fakken. Ek draacht it by oan in minder fol lesprogramma. Leararen en skoallieders hawwe yn de foarm fan boustiennen foarstellen oplevere foar de kurrikulumoanpassing. Dat diene se mei stipe fan oare eksperts yn saneamde ûntwikkelteams. De foarstellen foar it learmêd Fryske taal en kultuer kamen op ferlykbere wize ta stân.

Realisaasjefaze
De realisaasjefaze giet fan start sa gau’t it advys fan in wittenskiplike kurrikulumkommisje klear is. Dy kommisje is ynsteld troch de minister foar Primêr- en Fuortset Underwiis en Media. Yn de maitiid fan 2021 wurde nei ferwachting de boustiennen útwurke ta kearndoelen foar it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dêrnei komt ek de oanpassing fan de eineksamenprogramma’s fan de boppebou fan it fuortset ûnderwiis oan bod. Dy faze wurdt foar it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer yn gearwurking mei skoallen en dosinten ek oanpakt.

Taalplan Frysk 2030
Salang’t de nije kearndoelen noch net fêststeld en ferankere binne yn de ûnderwiiswetten, jilde de besteande kearndoelen. Provinsje Fryslân stimulearret alle skoallen om harren oanbod yn alle kearndoelen fuort te sterkjen. Uterlik yn 2030 moatte de skoallen harren oanbod Frysk op it wetlik stelde nivo op oarder hawwe. De provinsje wurket dêr yn ‘e mande mei skoalbestjoeren, skoallen en dosinten ûnder de namme Taalplan Frysk 2030 oan. Taal- en ûnderwiisynstellings helpe de skoallen mei advys en begelieding oan it fuortsterkjen fan Frysk op skoallen. It nije kurrikulum Frysk wurdt yn de kommende jierren yn it projekt Taalplan Frysk 2030 yntegrearre.

oktober 21, 2020 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.