Al 120 natuerfreonlike lânbouprojekten yn Fryslân

oktober 25, 2020 15:24

Fryslân brûst fan de ekperimentele projekten foar natuerynklusive lânbou, in ekonomysk en ekologysk rindabel lânbousysteem yn lykwicht mei natuer, lânskip en leefomjouwing. De provinsje stimulearret natuerynklusive lânbou. Dêrby wurdt stribbe nei mear fertsjinmodellen en minder subsydzjes.

Natuerynklusyf. Foto © Provinsje Fryslân

Yn ’e mande mei Living Lab Natuurinclusieve Landbouw Fryslân (LLF) ynventarisearre goed 120 projekten om mei de opdiene kennis de natuer- en miljeufreonlike lânbou te stimulearjen. Mei help fan alderhande inisjatyfnimmers is yn byld brocht wêr’t mei hokker tema’s eksperimentearre wurdt. Boeren en besibbe bedriuwen kinne sa faninoar leare.

Deputearre Klaas Fokkinga: “Us lânbou is tradisjoneel in wrâldwide koprinner. Dat moat sa bliuwe. Yn de transysje nei de natuerynklusive omrinlânbou wolle en kinne wy dat ek wer wêze.” Al hast 1500 Fryske boeren dogge op 20.000 bunder oan agrarysk natuerbehear. De projekten op de list hawwe te krijen mei boaiemferbettering, weidzjen, greidfûgels, miljeufreonlike stâlebou, wetterkwaliteit, fersâlting, restprodukten (omrinlânbou) en kennis en ûnderwiis. De list is te finen op: https://www.livinglabfryslan.frl/projecten/.

De provinsje is behearder fan de list, yn gearwurking mei Living Lab Fryslân. Op it stuit ynventarisearret de provinsje yn it ramt fan it programma Bioferskaatwerstel ek hokker projekten der om dat tema hinne binne. Ferskate lânbouprojekten falle dêr ek ûnder.

Soch foar in filmke oer natuerynklusive lânbou: https://tinyurl.com/y544svxx

 

oktober 25, 2020 15:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.