Afûk komt mei learboek Sealterfrysk

oktober 9, 2020 13:24

De Afûk yn Ljouwert bringt ynkoarten in learboek út foar it Sealterfrysk. Dat is in foarm fan Frysk dy’t praat wurdt yn it Sealterlân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It boek is skreaun troch Wolter Jetten en kriget as titel Sealterfrysk foar begjinners.

Mei Jetten syn boek kinne Frysktaligen de Sealterske foarm fan it Frysk oanleare. Jetten syn boek is ynspirearre troch in rige learboeken foar it Noard-Frysk, dat yn Noard-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, praat wurdt. It boek befettet njonken lessen ek in wurdlist.

De Afûk is benammen bekend as organisaasje dêr’t minsken kursussen Frysk leare kinne en as útjouwer fan Fryske boeken. Op it stuit is de útjouwerij dwaande mei de opmaak fan it nije learboek.

oktober 9, 2020 13:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.